BOARNSTERHIM
gemeente
R I E
DSFOARSTEL
Riedsgearkomste
14 febrewaris 2006
Agindapunt
12 (A-stik)
Kommisjegearkomste
30 jannewaris 2006
Agindapunt
6
Portefúljehâlder
wethâlder H.A. Jonkers
Behanneljend amtner
H.0. Hoekstra
telefoan: 0566 - 629212, e-mail: hoekstrah@boarnsterhim.nl
Underwerp:
Wiziging mienskiplike regeling "Wurkfoarsjenningsskip Fryslân-West".
Foarstel:
Stim yn mei de útstelde wiziging fan de mienskiplike regeling (art. 4.2.a en 7.1).
Ynlieding:
Sûnt lést 2001 is ús gemeente dielnimmer yn de mienskiplike regeling "Wurkfoarsjenninqsskio
Fryslân-West".
It algemien bestjoer fan de mienskiplike regeling hat no útsteld de tekst fan de regeling op twa
punten te wizigjen.
De wiziging fan artikel 4.2.a hat ta doel de bepaling oer de yndikaasjestelling foar de minsken, dy
't ta de doelgroep hearre, oan te passen. De wiziging fan artikel 7.1 regelt, dat leden en plak'fer-
fangende leden fan it algemien bestjoer sawol út de rieden, as út de kolleezjes fan B&W fan de
dielnimmende gemeenten ôfkomstich wêze kinne.
Arguminten:
Beide wizigings komme fuort út wettelike bepalings en binne dêrtroch formeel fan karakter.
a. Sûnt 1 jannewaris 2005 is it CWI ferantwurdelik foar de (wer)yndikaasje fan minsken foar de
wurkfoarsjenning. Foarhinne wie de m.r. ferplichte hjirfoar in ûnôfhinklike kommisje yn te stellen.
b. Troch de dualisearring wie it formeel net mear mooglik om leden fan it kolleezje oan te wizen
as (plf.) AB-lid, om 't sy net langer diel útmeitsje fan de Ried. De wiziging makket dat no wol wer
mooglik. It foech ta oanwizen bliuwt by de Ried.
Kanttekenings:
De mienskiplike regeling is oangean troch de kolleezjes en de rieden fan de dielnimmende ge
meente, elts foar wat it eigen foech oanbelanget. Ek oer in wiziging moat beide organen in beslút
nimme. It kolleezje hat yn syn gearkomste fan 10 jannewaris 2006 ynstimd mei boppeneamde
wiziging.
Der is oerlis west mei:
Ofd. Belied B&S.
Finânsjes:
Net fan tapassing
12 riedsfoarstel wiziging mr Fryslân-West/jzhh/1