Dit amendemint wurdt mei 4 stimmen foar en 12 stimmen tsjin fersmiten.
Trocht it CDA wurdt in moasje yntsjinne wêryn it kolleezje oproppen wurdt
om:
it bedriuwslibben en de doarpen te stypjen om, dêr wêr mooglik is mei in-
oar, mei plannen te kommen om maksimaal gebrûk te meitsjen fan de nije
kânsen dy't it Fryske Marren Projekt ús gemeente te bieden hat;
-Om op 1 maart 2006 op neamde byienkomst de positieve grûnhâlding fan de
ried kenber te meitsjen".
De moasje wurdt mei 5 stimmen foar en 11 stimmen tsjin fersmiten.
It foarstel konform fêststeld.
9. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bou- WWR
oanfraach foar it feroarjen fan in sosjale romte yn in appartemint oan de Stati
onsweg 36 te Grou, tagelyk in tariedingsbeslút foar it plangebiet.
Konform besletten.
10. Foarstel ta oanpassing fan de "Gedragscode Bestuurlijke integriteit 2002". Mid.
Konform besletten.
11. Foarstel om it beswierskrift fan de hear G.F. Slauerhoff tsjin it riedsbeslút fan Mid.
13 septimber 2005 oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it gebiet
Waterfront Grou, net-ûntfanklik te ferklearjen.
Konform besletten.
12. Foarstel ta wiziging fan de mienskiplike regeling "Wurkfoarsjenningskip Frys- Mid.
lân-West".
Konform besletten.
13. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it WWR
oprjochtsjen fan in stâl en it pleatsen fan sleufsilo's oan de Flegedyk 10 te
Raerd, tagelyk in tariedingsbeslút foar dit gebiet.
Konform besletten.
14. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it legali- WWR
searjen fan in ynstekhaven op it perseel GROOO C 905 oan de Pikmar flakby
Grou.
Konform besletten.
15. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it WWR
oprjochtsjen fan in berne-opfangromte (ynklusyf sliepmooglikheden) perseel
De Greiden 10 te Warten; tagelyk in tariedingsbeslút te nimmen foar dit ge
biet.
Konform besletten.
16. Riedsfoarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar rioelferfanging oan it
Suderom te Tersoal.
Konform besletten.
Side 2
beslutelist 14febrewaris 2006/iajb/2