Pagina 6 mebrekken net wer iepen makke wurden. Dy groeden begjinne te etterjen. Der moat ek net in te grutte knobbel op de noas komme by dy operaasjes. Der wurde ek nochal wat transplantaten (42) brûkt. Dêr moat yn de ried earst noch mar ris oer praat wurde. De FNP kin yn grutte halen ynstimme mei it plan, mar hat wol betingsten. De âlde groeden binne de Gedempte Haven en it wetter dat dêr en by de Hellingshaven oanlutsen wurdt en de te grutte noas is it Griene Krúsgebou. De transplantaten binne de 42 wenningen. De FNP tsjinnet 3 amen- deminten yn: "Amendemint 1 Meitsje net wer de âlde wetterloop by de Hellinghaven en de Gedempte Haven iepen. Arguminten: 1 It binne dearinnende wetters weryn it slib en de driuwsmoargens harren sammelje. Dit s/7 it oansicht gjin goed dwaan en argewaasje jaan en boppedat ekstra ûnderhâldskosten. 2 Op de Gedempte Haven geane parkearp/akken ferlern 3 It Ontgraven it mooglik sanearje moatten fan de Ontgroeven grûn en it oanbringen fan wâl- beskoeiing sille it nedige kostje. Jild dat better ynsetten wurde kin foar oare Onderdielen fan it plan bygelyks foar de rekonstruksje fan de Meersweg dat net Onder de susydzje fan Kompas fait "Amendemint 2 Wiis de beide appartemintsgebouwen sa as dy yn it fisyp/an oanjûn stean óf en bepaal dat der gebouwen komme moatte dy t minder massaal en heech binne en dy't passé by it byld en karakter fan Grou sawol fanóf it wetter as de lânskant besjoen. It tal fan 16 wenten of apparte- m in ten is dêrby gjin eask. Arguminten: 1 De gebouwen skeine fanwege harren hichte, massalens en materiaal it oansicht en karakter fan Grou fanóf it wetter en de wâl en se soene dat fuortsterkje moatte 2 Der bestean in protte beswieren tsjin dizze gebouwen en der is Onfoldwaande draachflak foar Onder de ynwenners fan Grou 3 De gebouwen binne sa heech en massaal omdat der om finansjele reden 16 wen- ten/apparteminten komme moatte soe. Amendemint 3 Beslút om net earder wenten oan it plan ta te kennen dan neidat we as ried yn it ramt fan it wenplan fêststeld hawwe wêr't de kontinginten út de knipepuntepot oan takind wurde moatte. Arguminten: It tawizen fan kontinginten oan doarpen of projekten is it foech fan de ried" De hear Janse (FNP): Der is yn de ried noait oer besluten oft de apparteminten der yn sitte of net. Dat heart wol in riedsbeslút te wêzen. It is spitich dat it wer sa ferkeard mei de finânsjes rûn is. Der sil ek goed oanjûn wurde moatte wat der mei GWS en de pier barre sil. De ried moat der dan ek wat fan fine kinne en der in beslút oer nimme. De foarsitter: Heeft over amendement 2 hetzelfde op te merken als bij het amendement van de VVD. Er is wel een voorbereidingsbesluit door de raad genomen en dat houdt in dat voor het Groene Kruisgebouw een eigen planologische procedure ingeslagen is. Dit in verband met het verkrijgen van de contingenten. De hear Janse (FNP): Lûkt it twadde amendemint yn. De hear De Vries (PvdA): Men strielet as ried dochs wer in negatyf gefoel út en dêr wol de PvdA net oan meiwurkje. De minsken moatte har wei fine kinne nei Grou. De suterige plakken moatte oanpakt wurde. De wurkgelegenheid yn rekreaasje en toerisme moat yn stân hélden wurde. ferslach 24-01 -2006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 8