Pagina 7
Der is al lang oer it plan praat. It fêststellen fan de fisy jout romte foar de fierdere romtlike prose-
dueres. Elkenien sjocht der op syn eigen wize tsjin oan. De strekdaam is better as yn de earste
útfiering, mar de PvdA is noch net oertsjûge fan de needsaak derfan. De ynrjochting soe ek nef-
fens de PvdA wol sûnder sompe kinne. It is moai om it wetter yn it doarp werom te bringen,
mar it hoecht om de PvdA net perfoarst.
De hear Van der Sluis (VVD): Kinne der dan oan de Marswei parkearplakken by komme of tinkt
de hear De Vries dan ek oan de Minne Finne?
De hear De Vries (PvdA): Hy hat gjin bepaalde plakken op it each. De ried kin der seis it inisjatyf
ta nimme om mei oplossingen te kommen. Der moatte kuiermooglikheden wêze en der moat ge-
nôch grien op de Blikpôle bliuwe. It kolleezje sil mei faasje it oerlis mei de belutsen partijen op-
nimme moatte. It draachflak foar it plan groeit. Dat jout moed en men moat no de gong der yn
hâlde.
Oer de plannen foar it Griene Krúsgebou: Formeel heart de lokaasje neffens it kolleezje net by it
Visieplan Waterfront'. It draachflak yn it doarp is foar de PvdA wichtich en men moat earst de
sjenswizen ôfwachtsje. Der hiene ek wol oare mooglikheden west, mar men moat no earst de
prosedueres trochrinne. De PvdA fynt it wichtich dat der wat mei de fragen fan de hear Hof bart.
Hy wol graach witte hoe't it kolleezje mei dy fragen omgean wol.
De hear Hemminga (GB): GB is it wol iens mei de totale ynstek om de saak op te knappen. Hy
freget him lykwols wol óf wat de konsekwinsjes fan de plannen binne. Men ferwachtet dat der
oerienstimming mei de belutsenen komme sil. De konsekwinsjes benammen yn finansjele sin bin
ne noch net dúdlik. De antwurden op de fragen oer de parkearplakken jouwe noch net genôch
dúdlikheid. Punt 2: de ynstimming mei it tariedingskredyt. De planfoarmingskosten binne gigan-
tysk út de hân rûn. Al 500.000 euro yn 2002 en dan no in oerskrieding fan it kredyt fan
166.000 euro. Wêrom wurdt de ried dêr no pas fan op de hichte brocht? Hoe tinkt it kolleezje
dat yn de hân te hâlden? En dat soks net wer bart yn de takomst.
Der is wat betizing oer it plak fan it Griene Krúsgebou yn de fisy. Yn de presintaasje komt it wol
hyltyd wer nei foaren.
GB is akkoart mei de fisy oer de Minne Finne. De gemeente hat lykwols noch gjin akkoart mei de
eigners. GB is net sa foar it moeras en is tsjin it iepen graven fan de Gedempte Haven. Men hat
de romte foar de parkearplakken breanedich. It moat wol definityf bekend wêze dat GWS nei de
oare kant giet.
De effekten fan it baggerprobleem (lykas de kosten foar it ûnderhâld) moatte goed tsjin it Ijocht
hélden wurde.
It kolleezje moat de diskusje oangean mei de inisjatyfgroep oangeande it Griene Krúsgebou. Der
binne bést in tal goede alternativen. Wannear komt de ried wer oer de beslútfoarming te sprek-
ken? Benammen moat dúdlik wêze wat de finansjele konsekwinsjes binne.
Wethêlder Jonkers: Men staat aan de vooravond van de kwaliteitsslag die nodig is voor Grou. De
ontwikkelaar loopt de risico's voor de woningen. Hij vindt de opmerkingen over het moeras over
dreven. Het is maar een klein detail en het zou geen afbreuk aan het plan doen om het te laten
vervallen. Er zullen eventueel zeker beperkingen gesteld worden aan de uitbreiding voor GWS op
de huidige plaats.
Over het opengraven van de Boerewêl: De mensen met een boot zouden hun boodschappen kun
nen doen in Grou. De parkeerplaatsen die ten behoeve van het visieplan zouden verdwijnen zullen
één op één terugkeren. Voor de woningen is een parkeernorm van 1,5. In de centrumvisie voor
Grou wordt aangegeven waar extra parkeerruimte gerealiseerd zou kunnen worden.
De strekdam is naar aanleiding van de reacties al behoorlijk ingekort 40m). De wandelroute
zal ook door mindervaliden gebruikt moeten kunnen worden.
ferslach 24-01-2006/absh/7