De hear Roorda (PvdA): Der binne fjirtjin stimmen foar de hear Schaafsma as lid, fjirtjin stimmen foar de hear Zuurbier as lid en fjirtjin stimmen foar de hear Van der Weide as foarsitter fan de rekkenkeamerkommisje. De foarsitter: Feliciteert de kandidaten met hun benoeming. Er zal een datum voor de beëdiging vastgesteld worden. 7. Foarstel ta it fêststellen fan de 'Visie Grou' De hear Hemminga (GB): GB is ek foar in pragmatyske oplossing, dus sawol foar rekreaasje as wenjen. GB kin it foarstel ûnderskriuwe. De hear Bouma (VVD): De fisy hat lang ûnderweis west. Der hawwe goede jûnen fan oerlis west. It stik dat derút fuort kaam, koe besjen lije. Doe kaam it lykwols yn it kolleezje en dat ferfolch hie better kinnen. Men moat der lykwols pragmatysk mei omgean, ek mei it each op de rintelêsten, en dêrom kin de VVD akkoart gean mei de kanttekening dat it mei de proseduere net goed ferrûn is. De hear Janse (FNP): Wol gjin wurden mear smoarch meitsje oan de gong fan saken. De ynhâld is dêrtroch wat yn de knipe kommen. De fraach is hoe't it straks it Ijocht sjocht, as in kreas boekwurkje mei as titel 'Visie Grou' of wurdt it it rapport Grou in Beweging mei dit foarstel as oanfolling? Pleitet derfoar om der in netsjes boekwurkje fan te meitsjen. De FNP is it mei it kol leezje iens dat de bedriuweterreinen net oer it spoar komme moatte. It baggerdepot moat ek net by de spoarbrêge komme. As it nedich is dan is de oansluting op de A32 by Idaerd de béste op lossing. Oer Grou-Noard is de FNP it net iens mei it kolleezje. Der soe gjin wentebou komme moatte. De FNP wol dêrta in amendemint yntsjinje. De Kommisje fan Oerlis hat net allinne krityk op de struktuerskets, de kommisje stimt ek yn mei it feit dat men op de Minne Finne allinne mar in kuierrûte oanlizze wol. Men moat dernei stribje om dy ynstimming te hélden. Lést it amende mint foar: "Ken yn de Fisy Grou it gebiet tusken bedriuwsterrein Frisia en Yn 'e Lijte in rekreative bestim- ming ta en net de kombinearre bestimming wenjen en rekreaasje. Arguminten 1ft is net san /ogysk plak foar wentebou, it stút net oan by de oare wenlokaasjes fan Grou en leit dêrmei los fan it doarp 2. Grou kin foar in grut tal jierren foarút mei de hjoeddeiske lokaasjes en kontinginten, te witten: Vo/mawei 42 wen ten Nesserdyk 100 wenten Griene Krústerrein 10-16 OSG-terrein 39 sifers út it wenplan en de einrapportaazje Wenympuls) Halbertsmafilla 26 Terrein supermerken 22 Kievitstraat 8 Totaal minimaal 247 wen ten Dan binne der noch de lokaasjes fan Nij Friesmahiem en de Nijdjipskoaiie, dêr't noch gjin kon tinginten foar steane. Foar de takomst is der dan it terrein fan de hjoeddeiske Halbertsma fa- briken sa as dat ek yn de struktuerskets oanjûn stiet. Wentebou op dy lokaasje past ek bet ter by it nije gemeentekantoar. 3. Rekreaasje sil flugger te rea/isearjen wêze as de wentebou wat geunstich is foar de rentelês- ten. Wentebou is earst oan 'e oarder as de 247 wenten boud binne en de lokaasjes Friesmahiem en Nijdjipskoaiie folboud binne" Side 4 04 Ferslach 14-02-2006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 10