Side 5 Wethâlder Bouma: Seit oer it amendemint fan de FNP dat men hat yn Grou mei werstrukturear- ring te meitsjen hat en dêrtroch yn dat doarp ek wenten kwyt rekket. Foar de útwreiding bliuwt allinne Grou-Noard oer. It kolleezje makket him soargen oer de rintelêsten. De hear Bouma (VVD): Hat in opmerking oer de proseduere makke. It hat fjouwer jier duorre, fre- get hoe't yn de takomst mei sokke plannen omgien wurdt. Wethâlder Bouma: Men is yn 2003 begûn mei Grou in Beweging. Der lizze prachtige rapporten, ek fan Pleatslik Belang Grou. Yn Grou in Beweging steane de measte saken dy't ek yn de struk- tuerskets steane. Dêrnjonken hat Pleatslik Belang fansels in hiel protte goede dingen mei it doarp dien. De hear Bouma (VVD): By de oergong fan de foarige rie nei dizze hat it kolleezje frege oan Pleatslik Belang om haast te meitsjen mei it plan. Dat is yn 2002 presintearre en dêrnei kaam Grou in Beweging. Dêrfoar is dus dochs wat misgien. Wethâlder Bouma: Men docht in hiel soad yn Grou. Yn 2002 hat der in minpuntsje lein, troch Grou in Beweging is it wer posityf foar it Ijocht kommen. Der komt in nije tekening mei de oan- passingen. It soe neffens har te folie kostje om in hiel nij boekwurkje meitsje te litten. Twadde termyn De hear Van der Meulen (CDA): De gong fan saken fertsjinnet gjin 'schoonheidsprijs'. Hy tinkt net dat it amendemint fan de FNP sa kin, dan soe men der jild by lizze moatte. Men moat yn Grou gjin De Herne-tastânnen kreëare. De hear Soeten (PvdA): Men is foar de kombinearre oanpak fan permaninte en rekreative bewen- ning. De PvdA is tsjin it amendemint fan de FNP. De hear Janse (FNP): It blykt dat der net folie stipe is foar it amendemint. It soe in moai plak wê- ze foar in golfbaan, dan soe it gau fuortkinne en dêrmei kinne de rintelêsten omleech. Mei it each op de reaksjes lûkt de FNP it amendemint lykwols yn. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 8. Foarstel ta it fêststellen fan it 'Uitvoeringsprogramma Boarnsterhim Friese Meren' De hear Hemminga (GB): Yn de kommisjegearkomste is wiidweidich op de saken yngien. De wet- hâlder hat tasein dat alle projekten nei de ried weromkomme. GB tinkt dat der mear tiid nedich is foar de Sylsbrêge en men soe it fytspaad Wergea-Warten nei foaren skowe wolle. De Biensma- brêge hoecht net sa nedich earst oanpakt te wurden, men kin better de oanpak fan de oare brê- gen ôfwachtsje en der no fierder gjin jild mear oan spandearje. De hear Janse (FNP): It útfieringsprogramma is benammen rjochte op Grou en Akkrum. It hie bet ter west dat alles in jier earder foarlein wie. De provinsje hat de prioriteit by de spoarbrêge yn Akkrum lein en de gemeente hat wer oare prioriteiten. De prioriteiten fan de FNP lizze by de fjouwer projekten yn de oare doarpen: de Sylsbrêge yn Jirnsum, de beide projekten yn Wergea en de plannen yn de Lege Geaen. As men yn Jirnsum in brêge hawwe wol, dan moat dy wol goed en feilich wêze. De brêge moat by de reade projekten hélden wurde, mar as men der troch om- stannichheden net útkomme kin, dan moat de brêge trochskowe. Hy pleitet foar goed oerlis tus- ken gemeente, Pleatslik Belang en de inisjatyfgroep. Foar de prioritearing fan de reserveprojekten hat de FNP in amendemint makke. 04 Ferslach 14-02-2006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 11