De hear Van der Meulen (CDA): It Fryske Marreprojekt is in geweldige kâns om foarút te kom men. Der moat in goede oplossing komme foar de Sylsbrêge. Hy kin him oanslute by de oanbefel- lings fan Pleatslik Belang Wergea om yn it ramt fan de Steande Mêstrûte in tal projekten út te fie- ren. Pleitet ek foar oandacht foar De Súdwâl yn Warten. Aldeboarn hat ek omtinken nedich: it Polderhoofdkanaal yn kombinaasje mei in brêgeferbining. Freget ek wer oandacht foar it brûken fan de baggerspeesje by de oanlis fan fytspaden yn de Lege Geaen. It fytspaad Warten-Wergea- Grou hat de earste prioriteit fan it CDA as der in projekt útfalt. Der moat lykwols noch mear barre en hy lést dêrta in moasje foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim in vergadering bijeen op dinsdag 14 februari 2006 bij een; Overwegende dat middels de uitvoering van de Friese merenprojecten de toeristische in frastructuur versterkt wordt. Dat, om optimaal te profiteren van de nieuwe infrastructuur, die door het Friese merenproject wordt aangelegd, ondernemers en dorpen met een nadere invulling, de nieuwe mogelijkheden vorm kunnen en moeten geven. Het college de afgelopen vier jaar geen invulling heeft gegeven aan de wens van de raad en het bedrijfsleven om te komen tot een toeristisch/recreatief platvorm. Dat op 1 maart 2006 het Ondernemers Collectief Boarnsterhim en de Kamer van Koophandel Friesland een bijeenkomst organiseert (mede door actieve inzet van het CDA), om te komen tot concrete initiatieven ter bevordering van de kwaliteit, het aantal bezoekers en banen in de toeris tische sector. Roept het college op: - Het bedrijfsleven en de dorpen te ondersteunen om, waar mogelijk gezamenlijk, met plannen te komen om maximaal gebruik te maken van de nieuwe kansen die het Friese meren project onze gemeente biedt. Om op 1 maart 2006 op genoemde bijeenkomst de positieve grondhouding van de Raad ken baar te maken. En gaat over tot de orde van de dag. De hear Van der Sluis (VVD): Syn partij is bliid mei it Fryske Marreprojekt. It is lykwols noch net dúdlik hoe't ien en oar finansiere wurdt. De VVD hat grutte muoite mei de no yntekene Sylsbrê ge. As it net oars kin, dan moat de brêge trochskood wurde nei de twadde faze. As der romte komt yn de finansiering troch it útfallen fan in projekt, dan giet de foarkar fan de VVD út nei it fytspaad Grou-Wergea-Warten. It soe toetst wurde oan it Fryske Marreprojekt. As it net troch- gean kin, dan wol de VVD de projekten yn de Lege Geaen nei foaren skowe. De ferbining fan de Foudering mei de Steande Mêstrûte is tige belangryk. Freget ek oandacht foar it fytspaad nei it akwadukt ta. De Súdwal yn Warten mei beslist net fergetten wurde. De hear De Vries (PvdA): Foar in goede fjirtich miljoen yn projekten sette en der seis goed fiif mil joen yn ynvestearje, dat is op himsels in komplimint wurdich. Der moat in goede balâns fûn wurde. It liket derop dat de lytsere doarpen wat tekoartdien wurde. Der hoecht by it Fryske Mar reprojekt net allinne yn wetter ynvestearre te wurden, der kin ek tocht wurde oan kuierpaden, fytspaden en oare foarsjenningen. De Sylsbrêge yn Jirnsum moat yn it foarste plak goed útfierd wurde. Freget de ynspanning fan it kolleezje om dat foar de earste faze te realisearen. By in al- ternatyf moat de ferkearsfeiligens wol yn de gaten hélden wurde. As men yn Boarnsterhim gjin efterlên hawwe wol, dan moat men iepen stean foar bepaalde oare projekten. Yn it foarste plak is dat foar de PvdA it fytspaad troch it Leechlân. As men baggert yn de Lege Geaen, dan moat men de havens en sluzen net ferjitte. Der moat benammen omtinken wêze foar in goede kommu- nikaasje. De foarsitter: Vat het amendement van de FNP samen: Als er van de rode projecten één of meer afvallen, moeten er van de groene projecten die projecten voor in de plaats komen die geen rela- Side 6 04 Ferslach 14-02-2006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 12