Mefrou Minkes (PvdA): Freget wat de hear Van der Meulen ferstiet ûnder de positive grûnhâlding fan de ried. De hear Van der Meulen (CDA): Dat men yn alle getallen goed meitinke wol en dat men der ek- stra oeren ynstekt. Der moat fierder gien wurde kinne. De doarpekoördinator soe der ek in rol by spylje kinne. Mefrou Minkes (PvdA): It fertaalt him altyd yn jild. De hear Van der Meulen (CDA): Dat soe op termyn it gefal wêze kinne. De hear De Vries (PvdA): Freget oft de ried de ôfrûne jierren dan net in positive grûnhâlding hân hat. De hear Van der Meulen (CDA): Dy positive grûnhâlding is der wol by de ried, mar hy hat dy by it kolleezje de ôfrûne fjouwer jier mist. De ried moat dy grûnhâlding útdrage wolle. De hear Janse (FNP): De FNP wol net skerpslypje op wat der krekt stiet yn de moasje fan it CDA. De FNP hat der gjin muoite mei de moasje te stypjen. Mefrou Minkes (PvdA): Begrypt dat de FNP him dêrmei der op fêst leit dat der jild beskikber wêze moat. De hear Janse (FNP): Dat kin men op dat momint besjen. De oare doarpen komme der net goed óf. Der steane wol 96 projekten op de griene list, mar is it jild der dan noch wol as men der oan ta is? Dêrom freget er stipe foar it amendemint fan de FNP. De hear De Vries (PvdA): Liket it ta dat it amendemint oerstallich is mei alles wat der yn de ried oer sein is. De hear Janse (FNP): Troch de nuânse hat de FNP besocht te foarkommen dat alderhanne projek ten oer de tafel gean. De FNP kin him fine yn de reaksje fan de wethâlder oangeande it fytspaad yn it Leechlân. De hear Hemminga (GB): Krekt de fleksibiliteit is wichtich. As men alles fêstleit hat men minder spylromte en dêrom stipet GB it amendemint fan de FNP net. De moasje fan it CDA is oerstallich, in argumint dat it CDA ek gauris brûkt by de beoardieling fan moasjes fan oare partijen. Wethâlder Jonkers: Men heeft twee keer per jaar overleg met het Ondernemers Collectief Boarn- sterhim. Nu vraagt het CDA dat de gemeente het voor de ondernemers zal organiseren. Hij be grijpt niet wanneer het college een negatieve grondhouding heeft getoond, het tegenovergestelde blijkt bijvoorbeeld wel uit het Friese Merenproject. Wijst nog eens op de moeizame medewerking van het bedrijfsleven bij de totstandkoming van de Middelseeroute. De motie voegt volgens hem niet veel toe. Hij is blij met de opmerking over de flexibiliteit. Zo zou men binnen de kortste keren het project van de Hellingsgebouw vlot kunnen trekken. Als er iets uit de lijst valt, dan moet men met de nodige flexibiliteit verder kunnen werken. Dat geldt ook voor het aanhaken bij projecten van de Staande Mastroute. De foarsitter: Brengt het amendement van de FNP in stemming. Het amendement wordt met vier stemmen voor van de leden Bijlsma, Bouma, Janse en Van der Sluis en twaalf stemmen tegen verworpen. Er wordt conform het voorstel besloten. Brengt de motie van het CDA in stemming. Side 8 04 Ferslach 14-02-2006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 14