De hear De Vries (PvdA): Twifelt net oan de positive grûnhâlding fan kolleezje en ried, men docht altyd syn bést De hear Bouma (VVD): Fynt de moasje fan it CDA folslein oerstallich. De hear Hemminga (GB): Slút him oan by de wurden fan de hear De Vries. De foarsitter: De motie wordt met vijf stemmen voor van de leden Bijlsma, Gerbrandij, Janse, De Jong en Van der Meulen en elf stemmen tegen verworpen. 9. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bou-oanfraach foar it feroarjen fan in sosjale romte yn in appartemint oan de Stationsweg 36 te Grou, tagelyk in tariedingsbeslút foar it plangebiet De hear Janse (FNP): Bestimmingsplannen wurde makke foar de rjochtswissichheid foar de boar- gers. Yn Boarnsterhim binne der te folie artikel 19-prosedueres. Der binne trije winkels neffens dy proseduere realisearre en no moat it ek noch tapast wurde op it feroarjen fan in sosjale romte yn in wente. Dat giet eins fiersten te fier. No wurde der fjouwer reguliere kontinginten út sloop of net-bewenbere wenten opfierd. Der soe in ynventarisaasje komme fan wenten dy't net bewenber binne of dy't sloopt binne, de ried hat de útslach fan dat ûndersyk nea sjoen. Eardere bou- oanfragen waarden ôfwiisd omdat der gjin kontinginten wienen. Wienen der doedestiids by Ak- krum en Aldeboarn dan net sokke kontinginten? Soks liedt ta ûnbegryp. Der lizze ek beswieren fan bewenners. Dêrom kin de FNP net ynstimme mei it foarstel. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 10. Foarstel ta oanpassing fan de "Gedragscode Bestuurlijke integriteit 2002" De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 11. Foarstel om it beswierskrift fan de hear G.F. Slauerhoff tsjin it riedsbesiút fan 13 septimber 2005 oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it gebiet Waterfront Grou, net- ûntfanklik te ferklearjen De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 12. Foarstel ta wiziging fan de mienskiplike regeling "Wurkfoarsjenningskip Fryslân-West" De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 13. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan in stâl en it pleatsen fan sleufsilo's oan de Hegedyk 10 te Raerd, tagelyk in tariedings- beslút foar dit gebiet De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 14. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it legalisearjen fan in ynstekhaven op it perseel GROOO C 905 oan de Pikmar flakby Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 15. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan in berne-opfangromte (ynklusyf sliepmooglikheden) perseel De Greiden 10 te Warten; tagelyk in tariedingsbeslút te nimmen foar dit gebiet De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 15. Riedsfoarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar rioelferfanging oan it Suderom te Ter- soal Side 9 04 Ferslaoh 14-02-2006/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 15