De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 17. Moasje FNP De hear Bijlsma (FNP): De FNP is ûntstimd. Der binne yn it ferline ferwachtings wekker makke by de bewenners fan fillapark De Herne, dat der sawol permanint as rekreatyf wenne wurde koe. De léste aksje datoangeande wie it riedsbeslút fan 10 novimber 2004. Dêryn waard in mooglikheid foar permaninte bewenning foar de Herne opnommen en dat soe ek yn it bestimmingsplan regele wurde. Dêrnei waard it stil. Der kamen ek gjin sinjalen fan it kolleezje. De FNP fielt him passearre. Benammen doe't der in brief troch it kolleezje nei de makelders stjoerd waard mei de meidieling dat der yn it fillapark De Herne net mear permanint wenne wurde mei. Njonken de Onrêst dy't dêrtroch by de bewenners teweechbrocht is, fynt de fraksje ek dat de ried ynljochte wurde moat- ten hie. It hanneljen fan it kolleezje is ek yn striid mei de besluten yn de ried. Lést de moasje foar: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn har gearkomste fan 14 febrewaris 2006, oerwaagjende, dat: it Fillapark De Herne yn Terherne yn it bestimmingsplan fan 1993 bestimd wie foar rekreatyf wenjen, útsein De Leije 1 oant en mei 17 en De Tuolle 1 oant en mei 6 it kolleezje by brief fan 8 july 1994 oan Jongebuurt BV te witten dien hat, dat der yn it hiele fillapark sawol rekreatyf as permanint wenne wurde mocht der dernei in protte bewenners har ek permanint ta wenjen setten hawwe de ried op 10 novimber 2004 de beliedsnota "Permanente bewoning van recreatieverblijven" fêstste/d hat yn dizze beliedsnota in útsûndering makke wurdt foar it Fillapark De Herne mei de bedoeling om yn it nije bestimmingsplan foar Terherne sawol rekreatyf as permanint wenjen op it Filla park De Herne mooglik te meitsjen as peildatum foar it hanthavenjen de datum fan de fêststelling fan in nij bestimmingsplan troch de ried oanhâ/den wurde s/7 en dat de befutsen minsken persoanlik benadere wurde sille de ried net mear ynformearre is oer de fuortgong fan it krewearjen fan it kolleezje om perma ninte bewenning op De Herne mooglik te meitsjen, útsein it andert op in fraach fan de fraksje fan de FNP, dat der in juridysk skeel mei de provinsje oer is/wie wy ta ús ferbjustering konstatearje moatte, dat it kolleezje ai op 13 septimber 2005 in brief ferstjoerd hat oan de A 7-makefders mei de meidieling, dat der op it Fillapark De Herne net mear permanint wenne wurde mei, dat dat foar dyjingen, dy't der foar 31 oktober 2003 wen nen, talitten wurde s/7 en dat der yn de gefaiien fan nei 31 oktober 2003 hanthavene wurde s/7 dit folslein yn striid is mei de troch de ried fêststelde beliedsnota en de diskusje, dy't hjiroer yn de kommisje 26-10-2004en de ried (10-11-2004) fierd is der troch de jierren ferwachtings wekt binne en dizze aksje in protte Qnrêst Onder de bewen ners fan Fillapark De Herne feroarsake hat, fersiket it kolleezje de ried oer ien en oar te ynformearjen yn de earstkommende kommisjegear- komste en it troch de ried fêststelde belied fuort te setten c.q. te kommen mei Otstellen datoan geande". Wethâlder Bouma: It kolleezje hat hielendal net in oar beslút nommen as dat de ried nommen hat. De brief oan de makelders kin op twa wizen lézen wurde. Der wurdt reagearre op in pear adver- tinsjes dy't yn de krante stien hawwe. It kolleezje dielt wol de soarch. It kolleezje is ek benadere troch minsken dy't witte wolle wêr't sy oan ta binne. Der binne op dit stuit twa saken yn de juri- dyske proseduere, dér moat earst útslútsel oer komme. Dêrnei kin de ried pas ynformearre wur de. De gemeente is it net iens mei de provinsje. De hear Van der Meulen (CDA): De CDA-fraksje dielt de soarch fan de FNP. Freget oft it kolleezje net efter de brief fan de amtners stiet. De ried moat goed op de hichte hélden wurde, want it giet om de besteanswissichheid fan minsken. Side 10 04 Ferslach 14-02-2006/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 16