Mefrou Dekker (PvdA): Der hawwe ek minsken by de PvdA-fraksje west. De minsken dêr't it om giet soenen in ferdúdlikjende brief fan de wethâlder krije moatte. It is foar de fraksje foldwaande dat de ried ynformearre wurde sil. De hear Bouma (VVD): Wol graach witte wêrom de kommunikaasje sa ferrûn is en wêrom't de ried net earder op de hichte brocht is. De hear Hemminga (GB): Slút him oan by de foarige sprekkers. De minsken hienen op de hichte steld wurde moatten fan de brief. De hear Bijlsma (FNP): De brieven binne ferstjoerd ûnder ferantwurdlikheid fan it kolleezje. Der binne wol wenten permanint bewenne, yn de brief nei de makelder soe dat nei 31 oktober 2003 net mear mooglik wêze. It is net goed dat de rie it fia de bewenners heart. Wethâlder Bouma: It kolleezje is net ôfwykt fan it riedsbeslút. Der is in foarûntwerp foar it be- stimmingsplan Terherne makke en dêryn is it plak fan fillapark De Herne opnommen. De hear Bijlsma (FNP): Lést foar út de brief: 'Wij hebben geconstateerd dat u nog steeds recrea tiewoningen in Villapark De Herne te koop aanbiedt als woningen, zonder erbij te vermelden dat permanente bewoning niet is toegestaan.' Permaninte bewenning is neffens de brief fan it kol leezje oan Jongebuurt BV yn 1994 wol mooglik. As der in skeel is mei de provinsje dan moat it kolleezje dat melde oan de rie. Wethâlder Bouma: De rie hat ôfpraat dat men foar de dûbelde bestimming gie. De ynterpretaasje fan de brief kin ek oars wêze. Men moat de prosedueres ôfwachtsje. Mefrou Dekker (PvdA): Freget oft de brief oan de makelders ynjûn is troch it lanlik belied. Wethâlder Bouma: Seit dat dat net it gefal is, want yn novimber 2003 wie it dúdlik hoe't men dermei omgean moast. De saak is lykwols noch net útiten. It kolleezje wol it riedsbeslút útfiere ûnôfhinklik fan it stânpunt fan de provinsje. De hear Hemminga (GB): Freget wêrom de brief dan skreaun is. Wethâlder Bouma: It is in ynformearjende brief. Lést foar út de brief: 'Wij wijzen u erop dat gelet op het beleid van de minister de gemeente gehouden is om handhavend op te treden tegen per manente bewoning van recreatiewoningen ontstaan na 31 oktober 2003'. Doe't it rekreaasjebe- lied yn de rie fêststeld waard, wienen der in hiel soad minsken út Terherne by de gearkomste oanwêzich. De brief fait Onder it mandaat fan it haad fan de êfdieling Romtlike Oardering. Der is hjoed ek in brief nei de riedsleden gien, de bewennersferiening is ferline jier op 'e hichte brocht fan de te nimmen stappen. De hear De Vries (PvdA): De wethâlder soe hannelje neffens it riedsbeslút. Dochs is der in protte Onrêst. Tinkt dat is goed is om de ried te ynformearjen oer de stén fan saken fan de juridyske prosedueres. Freget wannear't de wethâlder dêr dúdlikheid oer hat. Wethâlder Bouma: Men heeft over twee weken overleg, het is nu nog te vertrouwelijk. Mefrou Minkes (PvdA): Men hat allegearre in eed ôflein. De kommisje soe bést oer de juridyske stappen ynformearre wurde kinne. Freget oft de brief oan de makelders ferstjoerd waard nei oan- lieding fan advertinsjes, dat soe dan oerienkomstich it beslút fan de ried wêze. Side 11 04 Ferslach 14-02-2006/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 17