De foarsitter: Verwacht niet dat het maanden zal duren. Zij kan niet garanderen of het voor de raadsvergadering van maart geagendeerd kan worden. Er zal zo snel mogelijk gehandeld worden. 4. Foarstel ta it opstellen fan in foarriedich Ontwerp foar de multyfunksjonele sintra foar ûn- derwiis yn Grou en Akkrum Mefrou Minkes (PvdA): De PvdA is in grutte foarstanner fan de brede skoalle. Der moat strak or- ganisearre en goed kommunisearre wurde. Der is ûndersocht oft de mooglikheid der is. Der waard ferskillend tocht oer definysjes. De winsken binne yn it oanpaste riedsfoarstel ferwurke. De útgongspunten fan Deloitte binne opnommen sûnder dat it ta fertraging liede sil. Der is wat soarch oer de kommunikaasje. Guon ferieningen binne bang foar hege tariven of dat men net goed by de Ontwikkelingen belutsen wurdt. De PvdA is benijd nei de tuskenrapportaazje op 25 april. De hear Bijlsma (FNP): It is in drege matearje, dêr't men gjin goed ynsjoch yn hat: in beslút sûn- der ynsicht jout útfiering sûnder útsicht. It rapport fan Deloitte jout ek net folie betrouwen. De organisatoaryske, juridyske en finansjele aspekten binne noch sa wif, dat in beslút net rjochtfear- dige is. De finansjele risiko's moatte ôfdutsen wurde. Der moat goed sjoen wurde nei de moog- likheden en de winsken fan de sport. Oare doarpen moatte in soad seis dwaan om ek wat del sette te kinnen. Der soe nochris nei it akkommodaasjebelied sjoen wurde moatte. De artikel 19- proseduere kin foar de FNP wol fan start, de finale beslútfoarming oer dy proseduere moat dan wol nei de ried weromkomme. De finansjele, juridyske en organisatoaryske aspekten en de kom munikaasje mei de brûkers moatte earst mar ris goed besjoen wurde, by foarkar mei help fan De loitte. De ried moat by alle fazen goed belutsen wurde, dat wurdt te min helder yn de list fan be- slismominten. Earst moat men alles goed yn byld hawwe foardat men in go or not go-beslút nimt, want sa fynt syn fraksje: 'Beter ten halve gekeerd dan ten hele gedwaald.' De hear Van der Meulen (CDA): Wa hie fjouwer jier lyn tinke kinnen dat men no al sa fier is. Der binne al in tal goede dingen dien. De ried hat ek in ferantwurdlikheid oangeande de finânsjes en de organisaasje. Der is in second opinion útfierd troch Deloitte. Neffens it CDA hat it kolleezje goed harke nei de lûden yn de kommisje. De fraach is lykwols oft men it dwaan kin mei de opset fan it kolleezje en oft men te meitsjen hat mei in proses of mei in projekt. Deloitte sjocht it as in projekt en dat sprekt it CDA ek it measte oan. Der moatte heldere beslismominten wêze foar kommisje, ried en partisipanten. Men moat earst ek goed foar eagen ha wat men fan de gear- wurking mei de Hardenberggroep ferwachtsje kin. As men mei in nije partner oan de slach giet, dan hat dy wol te meitsjen mei in stik dat troch de Hardenberggroep skreaun is. Mefrou Minkes (PvdA): Freget wêr't it erchtinken tsjin de Hardenberggroep weikomt. De hear Van der Meulen (CDA): Men hat gjin helder byld fan wat men fan inoar ferwachtet. Dat moat goed helder makke wurde foardat men in fierdere faze yngiet. Men moat goed soarchfâldich mei de brûkers omgean. Foar it CDA mei de artikel 19-proseduere fan start gean. Syn fraksje wol graach witte hoe't it stiet mei de eksploitaasje fan it swimbad, dy moat goed ûndersocht wurde. De hear Bouma (VVD): Deloitte hat in ûndersyk dien mei ferrassende konklúzjes. By Akkrum hie men de grûn al lang kocht en men hie ferwachte dat men dêr al folie fierder mei it plan wie. Der hat wol oerlis west mei de partijen, mar men hat blykber by inoar lâns praat. De risiko's binne by de Hardenberggroep net dúdlik, it rint troch elkoar hinne en dêrtroch rint de gemeente risiko's. De VVD wol it proses yn tiid flot ferrinne litte, mar men sit mei it dilemma dat dat proses noch net dúdlik foarleit. De finansjele en juridyske risiko's moatte helder wêze. Side 3 04 Ferslach 15-02-3006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 21