Mefrou Minkes (PvdA): Men docht net mear en minder as dat men in kontrakt ôfslút mei de Har- denberggroep. De partijen beprate mei inoar wat men dwaan moat. De hear Bouma (VVD): Neffens de second opinion fan Deloitte binne de ferantwurdlikheden net goed skieden. Der is noch gjin oerienstimming tusken de partisipanten en de gemeente. Men sit noch midden yn it proses. Freget him óf oft der net in standstill komme moat mei de Harden- berggroep. Wat syn fraksje betreft kin mei de artikel 19-proseduere útein set wurde, mar it moat net oan it kolleezje delegearre wurde. De hear Hemminga (GB): Men moat in goede ûnderwiisfoarsjenning hawwe yn Grou en Akkrum. Dy moat lykwols net foar ferrassings soargje lykas by de ferbou fan it gemeentekantoar. It is goed dat de ferwurking fan de diskusje oan it foarstel taheakke is. It rapport fan Deloitte wie tige ferhelderjend. It giet benammen om de ûndúdlikens fan de konse- kwinsjes foar de brûkers. Der binne neffens Deloitte trije knipepunten: de eksploitaasje, de juri- dyske struktuer en it draachflak fan de brûkers. It advys fan Deloitte moat yntegraal opfolge wurde. Men moat fan te foaren witte wêr't de risiko's lizze. As dúdlik is dat it kin, dan kin men it sinjaal op grien sette. By in goede tarieding kin men letter mei faasje útein sette. De hear De Vries (PvdA): Syn fraksjegenoat hat foarsteld om de punten fan Deloitte as yntegraal ûnderdiel oan de Hardenberggroep mei te jaan, dat wurdt dan dochs ôfdutsen? De hear Hemminga (GB): Men hat as GB net sa'n útdruklike miening oer de Hardenberggroep. Men hat lykwols beswier tsjin de yntinsje om mei de Hardenberggroep foar de takomstige eks ploitaasje yn see te gean. As men al in skoft hinne is mei de gearwurking, dan is it lestich om dêr wer fanôf te stappen. Mefrou Minkes (PvdA): Freget oft it ferlies oan kennis dan samar kompensearre wurde kin. De loitte hat net alles dien wat de Hardenberggroep dien hat, soks bart net by in second opinion. De hear Hemminga (GB): It is noch diskutabel of men dy kennis al of net misse kin. GB fynt dat de kommunikaasje hiel goed wêze moat en dat de tarieding mei help fan de advizen fan Deloitte safolle tiidswinst bringe moat, dat de útfiering dêrtroch gjin gefaar rint. GB komt yn de twadde termyn eventueel mei in amendemint. Wethâlder Bouma: It bliuwt neffens har in fraach- en antwurdspul. It kolleezje hat besocht te mjitte te kommen oan de winsken fan de kommisje en hat besocht in kombinaasje te meitsjen. In protte fraksjes hawwe allinne referearre oan de opmerkingen fan Deloitte. Der leit lykwols ek in riedsfoarstel en in analyze. Der is hiel wat wurk oan foarôf gien. De ried wol gjin fertraging. It kolleezje koe allinne noch oanfolje ûnder it kopke riedskommisje, dy stikken binne ûnderdiel fan it riedsfoarstel. Sy wol graach yn haadlinen reagearje. Der soenen hjir en dêr saken wat krekter omskreaun wurde kinne. Men moat fansels each hawwe foar de lytsere ferieningen, dat sil lyk wols út de ferfolchpetearen komme. It kolleezje komt ein april mei in tuskenrapportaazje yn de kommisje, dan kin de kommisje sizze oft men der in riedsfoarstel fan meitsje wol. De hear Hemminga (GB): Freget oft de wethâlder de second opinion fan Deloitte net ferneatigjend Mefrou Minkes (PvdA): Dat wie neffens har de konklúzje fan Deloitte net, Deloitte hat in oantal punten oanwiisd dy't ekstra omtinken ha moatte. De hear Bouma (VVD): Fernuvert him oer de opmerkingen fan mefrou Minkes. Yn de kommisje hat mefrou Minkes sein dat broddelwurk broddelwurk bliuwt. Side 4 04 Ferslach 15-02-3006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 22