Mefrou Minkes (PvdA): Sitearret út it ferslach: 'Mits dat er een overeenkomst voor het opstellen van een ontwerpfase wordt aangegaan conform de aanbevelingen van het rapport second opini- on.' It wurd broddelwurk hat sy net neamd. De hear Bouma (VVD): Is der seker fan dat dat wol sa wie. De hear Hemminga (GB): Der komme wol hiel driuwende advizen fan Deloitte en der wurde kni- pepunten oanjûn. Hy fûn it in hiel krityske konklúzje. De hear De Vries (PvdA): Deloitte hat ek sein dat men net op hoecht te hâlden. Hy begrypt net wêrom't it no sa dreech is om ta in beslút te kommen. Wethâlder Bouma: Sitearret út it ferslach: 'Wij begrijpen dat de raad concretere toezeggingen wil hebben. Het college stelt voor om in de raadscommissie een tussenrapportage voor te leggen waarin een principeakkoord voorligt met de gebruikers, waarin de uitgangspunten zijn vastgelegd over de exploitatie en de financiële mogelijkheden van de participanten in beeld zijn gebracht, enz.' Dat binne de útgongspunten fan Deloitte. Dat it yn Akkrum wat letter op gong komt, hie te krijen mei it fêststellen fan Akkrum op Koers. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Hat in mail fan de SAR krige. De brûkers wolle graach de nije tekst fan it riedsfoarstel ha. In tal garânsjes is noch net swart op wyt ynfold. De easken fan NOC/NSF hawwe ek konsekwinsjes foar it plan, dat moat men helder foar eagen hawwe. De hear De Vries (PvdA): Wit de strekking fan de mail. Freget oft de hear Hemminga in yndikaas- je hat dat it kolleezje der net op in goede manier mei omgean wol. De hear Hemminga (GB): Men moat earst goed foar eagen hawwe wat de winsken en easken binne foardat men it Ijocht op grien set. Der is in bylage mei beslismominten. Men kin no allinne it trajekt ôfprate om ta sa n beslismomint te kommen: oant de ûntwerpfaze in gearwurking mei de Hardenberggroep, dêrnei is it ôfrûn, want dan hat men te meitsjen mei foarkennis. GB hat in amendemint makke, hy lést de tekst foar: "Wijzig het voorstel in: Besluit tot het afronden van de definitiefase, inhoudende de verdere uitwerking van de fi- nancjë/e, organisatorische en juridische aspecten conform het gestelde in de rapportage van Deloitte van 16 januari 2006. Het besluit tot de ontwerpfase wordt genomen nadat de haalbaarheid is vastgesteld en alle risico's in beeld zijn gebracht. De besluitvorming over de planologische procedures vindt plaats na vaststelling van de haalbaarheid. De hear De Vries (PvdA): It earste punt fernuvert him, omdat dat yn it kolleezjefoarstel stiet. By de twa oare punten soe men fertraging krije kinne, GB hat earder sein dat net te wollen. De hear Hemminga (GB): De definitive beslútfoarming kin no net plakfine. De hear Bouma (VVD): De VVD is it wol iens mei de oanfolling yn it riedsfoarstel. It proses hie earder op gong set wurde moatten. Men hie wol by projekten út Akkrum op Koers oanheakje kin- Side 5 04 Ferslach 15-02-3006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 23