nen. It moat gau klear wêze. Hy kin him net fine yn it léste oandachtspunt fan it amendemint fan GB, dat soe te folie fertraging opsmite. De hear Van der Meulen (CDA): As men mei-inoar ôfpraat dat men yn de geast fan Deloitte wur- kje wol, dan soe men derút komme kinne. Dan kin men ek in beslút nimme oft men fierder gean wol mei de Hardenberggroep. Oangeande de planologyske prosedueres sit hy op deselde line as de FNP, it moat net delegearre wurdt oan it kolleezje. De hear Bijlsma (FNP): De FNP stelt foar om de artikel 19-proseduere yn gong te setten, mar de finale beslútfoarming moat oan de ried wêze. Der binne bepaalde risiko's en Deloitte hat dat goed yn kaart brocht. By de tarieding yn de kommende moannen soe men Deloitte as adviseur brûke kinne. Freget wannear't krekt de beslismominten binne. De FNP fynt dat it in riedsbeslút wêze moat. It leafst hie men hên dat earst alle risiko's goed ôfdutsen wurde. Der moatte troch de ried besluten nommen wurde, foardat men nei in folgjende faze oergiet. Mefrou Minkes (PvdA): Har fraksje is foarstanner fan it starten fan de planologyske proseduere. Oer it broddelwurk hat se sein: 'Dat moet binnen drie maanden kunnen en dat moet geen brod delwerk blijven.' Eltse stap wurdt ôfrûne mei in go or not go-fase, foar it earst yn july. De second opinion is der net foar neat. In goede basis liedt ta in goed resultaat. Der moat neffens har fraksje fan de tuskenrapportaazje in beslismomint makke wurde. Lést in amendemint foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim in vergadering op woensdag 15 februari 2006 bijeen. Overwegende dat De Raad opdracht heeft gegeven aan Deloitte om een second opinion te geven over de haalbaar heid van de multifunctionele centra te Akkrum en Grou Dat uit deze second opinion is gebleken dat "„met name de programmatische verkenningen die inmiddels vertaald zijn naar schetsontwerpen op een traject duiden dat van grote waarde kan zijn voor de gemeente Boarnsterhim en haar bewoners. Dat in deze second opinion met kiem wordt geadviseerd om de financiële, organisatorische en ju ridische aspecten van de plannen uit te werken. Dat de Raad deze opinie overneemt. Dat de Raad zich er van bewust is dat alle betrokkenen belang hebben bij een ononderbroken voortgang. Stelt zich op het standpunt dat De uitkomsten van de second opinion van Deloitte onverkort moeten worden opgenomen als een inspanningsverplichting in de overeenkomst die met de groep Hardenberg wordt aangegaan om te komen tot het opstellen van een voorlopig ontwerp. En gaat over tot de orde van de dag". Mefrou Minkes (PvdA): It kompromis bestiet derút dat der 25 april in go or not go-momint is. De foarsitter: Schorst de vergadering voor een korte pauze. De foarsitter: Heropent de vergadering. Wethâlder Bouma: Hat earder al sein hoe't men de opmerkings fan Deloitte in plak jaan wol yn it foarstel. It kolleezje wiist it amendemint fan GB óf, omdat it ta fertraging liede kin. It kolleezje kin him wol fine yn it amendemint fan de PvdA. De hear Hemminga (GB): Op 25 april is der dus yn de ried sprake fan beslútfoarming. As dat ek oer de planologyske prosedueres giet nimt GB it amendemint werom. Wethêlder Bouma: Docht dy tasizzing. Side 6 04 Ferslach 15-02-3006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 24