BOARNSTERHIM gemeente u B E S L T E L I S T Riedsgearkomste: 14 maart 2006. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt troch de hear Dam, mefrou Feijen, de hear De Vries, en de hear Maasdam ynsprutsen oer agindapunt 9. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. De foarsitter seit dat der twa ynkommen stikken binne: 1.De meidieling fan it sintraal stimburo fan de beneaming fan 17 leden fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim. 2. In ôfskrift fan it proses-ferbaal weryn de útslach stiet fan de ferkiezings fan de leden fan de gemeenteried fan Boarnsterhim fan 7 maart 2006. Besletten wurdt dezze te belûken by de behanneling fan agindapunt 10. Foar it oare konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 30 jannewaris, 14 febrewa- Mid. ris en 1 5 febrewaris 2006. Konform fêststeld. 5. Beëdiging fan de leden fan de Rekkenkeamerkommisje. Mid. De foarsitter, de hear A. van der Woude, en de leden P.D. Schaafsma en W.R. Zuurbier lizze yn hannen fan de foarsitter it ûnthyt yn it frysk óf, en binne hjirmei beëdige. 6. Foarstel oangeande it iepenhâlden fan it swimbad fan Grou. B&S Konform besletten. 7. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar skeabetelling boaiemfersmoar- Mid. ging De Baai. Konform besletten. 8. Foarstel ta it fêststellen fan de fartariven fan de Pont de Burd en it dwaan fan in helberheidsûndersyk nei in tunnel. It amendimint wurdt mei 4 stimmen foar en 12 stimmen tsjin fersmiten. Konform fêststeld. beslutelist 14 maart 2006/tajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 49