De hear Jarise (FNP): De kontinginten wurde ferdield fia it wenplan en net fia de RO-prosedueres. Dy lésten binne fasilitêr en net bepalend. Wethâlder Bouma: Sy hat noch net echt útsykje kinnen dat de ried it foech hat oer de ekstra kon tinginten fan it wenplan. Binnen BOS-L wurdt in tal kontinginten ferdield en dér giet de ried net oer. It kolleezje komt dan letter wol nei de ried mei plannen en de ried kin dan oer de foarstellen beslute. As men wentebou hawwe wol by de Volmawei en de Minne Finne dan sil dat út de knipepuntepot komme moatte. Mefrou Dekker (PvdA): De wethâlder makket in foarbehâld. It soe earst dúdlik wêze moatte en dêrnei soe men pas oer it amendemint stimme kinne. De hear Janse (FNP): De ried hat neffens him dat foech seis. It is te lézen yn it riedsbeslút en yn op de taljochting dêrop. Fielt der neat foar om it amendemint werom te lûken. De hear Van der Meulen (CDA): It amendemint befestiget it eardere beslút fan de ried en dêrom hoecht der net oer stimd te wurden. De foarsitter: Brengt het amendement in stemming. Het amendement wordt met 2 stemmen voor van de leden Bijlsma en Janse en 14 stemmen tegen verworpen. Legt het voorstel 'Visieplan Waterfront' ter stemming voor. Er wordt conform het voorstel besloten. 3. Slute De voorzitter sluit om 20.00 uur de vergadering. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 1 4 maart 2006 de faqrsitter, P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 4 minsken. Pagina 3 04 Ferslach 30-01 -2006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6