BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim fan tiisdei 14 febrewaris 2006 om 20.00 oere yn de kantine fan OSG Sevenwolden yn Grou Oanwêzich Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, S. van der Meer en J. Hem- minga fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: de hearen D. van der Meulen, G. de Jong en J. Gerbrandij fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou E. Verkerk (VVD) 1lepening De foarsitter hyt de oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers De foarsitter wiist der op dat eltse ynsprekker op syn meast 3,5 minút de tiid krijt. De hear De Jong (oer punt 8): Sprekt út namme fan Pleatslik belang De Lege Geaen. Is bliid mei de oandacht fan alle politike partijen. Pleatslik Belang is fan betinken dat men it de partijen maklik meitsje moat en dat men ien eask ferfalle litte moat. It útbaggerjen stiet op de reade list en dat sil wol goed komme. Mar men wit net hoe't it mei de rest op de griene list komt. De suggestje fan de hear Van der Meulen om de bagger te brûken foar it opheegjen fan de grûn by de oanlis fan de fytspaden liket him in goedenien. Freget wat der bart at it budzjet te boppe gien wurdt. Is der dan noch wol jild oer foar de projekten op de griene list? Hoefolle kâns hawwe de Lege Geaen dat dy projekten yn de kommende fiif jier útfierd wurde? Hy hopet dat de ried yn de takomst in protte oandacht foar de Lege Geaen hat. De hear Boschma (oer punt 8): Wennet flakby de Sylsbrêge yn Jirnsum. It léste ûnderdiel fan de beslútfoarming oer de BOB is dizze jûn oan de oarder. Yn septimber waard men ynienen konfron- tearre mei de plannen foar de nije brêge yn Jirnsum. It blykt dat der al in beslút nommen is oer de hichte fan trije meter. In hichte fan 2,5 meter wie foar Jirnsum heech genôch west. It wurdt les- tich om alternativen te betinken omdat it finansjeel al ticht timmere is. Pleatslik Belang hat frege om oandacht foar de saak. Jirnsum moat op de kaart komme en in goede brêge krije. Hy hopet dat der in goed plan dellein wurde kin. It budzjet is net ferromme, mar ynbrochte alternativen sille faaks mear jild kostje. Mefrou Woltman (oer punt 8): Hoopt dat zij voorlopig voor de laatste keer een pleidooi hoeft te houden om de brug op te schuiven naar de tweede fase. Er zou een vervolg voor het dorp ko men, nadat men in september is geïnformeerd door de gemeente. Dat is evenwel niet gebeurd. 04 Ferslach 14-02-2006/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7