Werom kommend by de finansieringsopset: it kollege hat it checke litten oft it Europaproof is en dat is it gefal. Foar it CDA is der dan ek gjin inkeld beletsel om hjir op tsjin te wêzen, it CDA is foar. De hear De Vries (PvdA): Seit dat ús stânpunt oer dizze Klassieke Schepenhaven bekend.is. Wy sjogge hjir meielkoar in stikje Ontwikkeling yn Terherne en dêr ha we it al hiel lang oer. De fraach oft de haven der komme moat ha we meielkoar al beantwurde; de mearderheid fan dizze ried seit ja. Wy binne ús der jûn ek allegearre fan bewust dat dy ferhâlding t.o.f. de 16de wer oars leit. Jûn ha wy it oer de eksploitaasje, de finansjele konstruksje dy't der ûnder sit.. Der is nei sjoen troch minsken dy't hûnderten fan dizze oanfragen ôfhannelje. Dy hawwe it checkt op de konstruksje oft dat werklik kloppet en Europaproof is. It antwurd is ja. Wy ha gjin inkelde oanlieding om dat hjir jûn noch yn twifel te lûken. Wol binne wij fansels hiel nijsgjirrich, nei it feststellen fan de aginda dizze jûn, wat no eins de konklúzje wêze sil fan de foarsjenningenrjochter. It feit dat de hear Jonker seit, dat it fan ynfloed wêze kin op de eksploitaasjeoerienkomst dy't wy hjir jûn be- hannelje, wie foar ús oanlieding om te sizzen dat men der foar kieze kin om dit óf te wachtsjen. Tinkt dat it hiele ferhaal oer de grûnpriis yn dizze ried al faak genóch behannele is. De wethêlder hat hjir dúdlik oer west en ik fyn it ek net goed om dat steeds mar wer op dizze wize nei foaren te bringen. Draachflak bliuwt ek in diskusje. Mefrou Verkerk hat 25 minsken yn Terherne belle. Wy, as politike partijen, hawwe de ófrune wiken in protte op stap west en ha mei de minsken praat. It byld wat by ús untstie wie dat, as jo in goed ferhaal ha, der yn elts gefal sprake is fan in groeiend draachflak yn Terherne. Der binne ek steeds mear minsken dy't ús wize op de needsaak fan dy Ontwikkeling. De twadde belangrike pylder, njonken it Kameleongebeuren, allegearre foar it doarp, is dizze haven. Hat noch ien ding dêr't hy nijsgjirrich nei is en dêr't hy noch net ien oer heard hat en dat fernu- vert him. Yn de foarige riedsfergadering hat dizze fergadering, sa 't wy hjir as ried sitte, besluten om it agindapunt net te behanneljen. Doe ha wy meielkoar sein: de beskikking is noch net ôfjûn. It is net helder oft it wol of net wizige wurdt. Wy behannelje it net. It foarstel akkoart, dêr stim- me we mei yn. Gemeentebelangen hat hjiroer in stik yn de Mid Frieslander skreaun' en dêryn stiet, yn elts gefal wurdt der suggereard, dat de foarsitter fan de ried de gemeenteried manipule- ard hat. Njonken dat stik oer manipulearen stiene noch wat oare saken oer de ried. Dêr is ek in réaksje kommen fan de fjouwer oare fraksjes fan dizze ried. Jûn prate we ynhâldlik oer dit stik. Freget de hear Hemminga of in oarenien fan Gemeentebelangen, yn te gean op dit stik. Der is ek troch de oare fjouwer fraksjes neidruklik in fraach steld; wol it gearfetsje en freget it stik publy- k'ik yn te lûken. Yn elts gefal tink ik, en dêr soe ik mei ófslute wolle, in ekskús oan de foarsitter fan ús ried. As jimme al of net dat gebaar nei ús hiele ried meitsje wolle, dan teminsten nei de foarsitter fan ús ried, dy't seker yn diskredyt brocht is troch dit stik. Dat is op syn minst op syn plak. Hopet dat de hear Hemminga hjir yn twadde termyn op yn gean wol. Wethêlder Jonkers: Zegt dat de Klassieke Schepenhaven niet alleen de Klassieke Schepenhaven is; het is ook de gehele ontwikkeling van het gebiedje wat daar in de buurt nog braak ligt, een opwaardering van het bedrijf van Sjerp de Vries en een woningbouwproject van 18 woningen in de wat goedkopere sfeer. Het college was en is van mening dat het voor Terherne een boppe- slach is om dit project daar te in te passen. De heer Janse haalt de geschiedenis aan. Het vorige college heeft al besloten om een intentie te ondertekenen, waar we met elkaar met dit projectje handen en voeten aan willen geven. En ik herhaal dit nog één keer (ik heb het waarschijnlijk wel acht keer gezegd) in de wetenschap dat wij met de contingenten op dit gebied, geen woningen zouden kunnen krijgen en dat we toch graag een ontwikkeling wensten in dit gebied. Gaat ook nog maar een keer op de grondprijs in. De grondprijs is afgegeven op grond van verge lijkbare grondtransacties in die periode (2001) en kwam met een opwaardering uit op een grond prijs van 15,00/febrewaris. Dat is de basis van de verkoop van de grond. Ik hoor de fracties aan de linker zijde zeggen, dat dat veel te goedkoop is. Ik heb mailtjes ontvangen en brieven ge- Side 9 03 ferslach 14-03-2006/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 11