meld binne. De ried is pas letter oan 'e oarder kommen. Dus wat dat betreft tink ik dat dy risiko's net sa grut binne. Ek wat de huzebou betreft, dy kin rêstich trochgean. En wat Sjerp de Vries be treft, dy hat noch gewoan syn wurkgelegenheid en kin dus ek sa fierder. As der in útspraak fan de Ried fan State is, dan is dit al jierren en jierren lyn; dan is dat yn it foarige kolleezje bard en hie it al lang realiseard wêze moatten. En dan kin je no net dizze ried ferwite dat dy no der net oan temjitte komt. De hear De Vries (PvdA): Soe graach fan de hear Janse in dúdlik antwurd hawwe wolle op de folgjende fraach. Der leit jûn in eksploitaasje-oerienkomst dêr't in beslút oer frege wurdt. Argu- minten dy 't jo allegearre neame, hawwe niks direkt mei it foarstel te krijen. Jo helje allegearre saken út it ferline nei foaren. Der leit no in útstel foar. En de hear de Jonkers hat oanjûn troch hokker ynstânsjes ien en oar allegearre checkt en akkoart befûn is. Wat is no de feitlike oanlie- ding dat jo jo net útsprekke oer it finansieringsfoarstel dat no foar leit? De hear Janse (FNP): Omdat wy it net iens binne mei de eksploitaasje-oerienkomst. Der is ús yn de foarige gearkomste in eksploitaasje-oerienkomst foarlein dy't net doogde. No komt der in eks ploitaasje-oerienkomst dy heart by dit beslút. Want op grûn fan dy op besjen lizzende stikken be- slute jo. By dy eksploitaasje-oerienkomst stiet dat de gemeente dielnimt yn dit projekt. Dat soe de gemeente net dwaan. Dat hawwe we fan tefoaren ôfsprutsen en der is net in nij beslút yn 'e ried oer fallen. Ik haw dat yn de earste termyn ek oanjûn, dat op dat momint dat it kolleezje de- refter kaam dat in subsydzje net koe sûnder dielname fan de gemeente, se nei de ried komme moatten hiene. En ik haw ek oanjûn dat de fraksje fan de FNP dêr twa kear nei frege hat. De hear De Vries (PvdA): It wurdt hjir fan mear kanten sein. Ik begryp, jo sketse in feitlik byld, mar jo konkludeare net wat dat no te meitsjen hat mei de konstruksje dy't no foar leit. Net wat der foarlein hat mar wat der no foarleit en wat feitlik checkt is. Dêr wurdt jûn in útspraak oer fre ge. De hear Janse (FNP): Der leit no in kredytútstel foar en wy binne net foar dit kredytútstel omdat wy tsjin dy eksploitaasje-oerienkomst binne en tsjin de realisaasje fan Terherne Haven op dit plak. Dat ha wy al earder sein en dêrom bin ik der net op weromkommen. Mefrou Minkes (PvdA): Ja, foarsitter dat is no krekt de angel. Dat woe ik noch hearre fan jo. Nef- fens my hat dizze ried, yn syn demokratyske mearderheid deroer besluten; sa sit it stelsel yn el- koar yn Nederlân, dat wy achter dy Klassieke Schepenhaven stean. En yn Nederlân regeart de mearderheid, mei respekt foar de minderheid, mar it is wol in beslissing dy't der leit. En ik wit net wat foar type bestjoerder ik no foar my ha, dy't bliuwt sizzen oer elk stikje dat er sjocht en it dondert net wat der yn stiet "Ik ben tegen en ik blijf tegen". Want dat is wat jo sizze. De hear Janse (FNP): Dat is net sa't ik dat sis. Ik haw yn myn earste wurd ek dúdlik oanhelle dat der twa beslissingstrajekten binne. Ien op de romtlike oardering en ien op de oerienkomsten. En dat hâldt net yn dat jo as ried automatysk de iene goedkarre, ek de oare goedkarre moatte. Dat hâldt it yn. Mefrou Minkes (PvdA): Ik kom noch efkes werom op de fraach fan de fraksjefoarsitter. Kinne jo dan oanjaan wat der fout wêze kin oan dizze eksploitaasje-oerienkomst sa 't dy der leit? Wolle jo it dêr noch ris oer hawwe? De hear Janse (FNP): Dat is hiel dúdlik. De gemeente soe net dielnimme yn dit projekt en mei diz ze eksploitaasje-oerienkomst nimt se wol diel. De gemeente nimt diel troch de haven oanlizze te litten, troch de haven te ferpachtsjen oan de inisjatyfnimmer en dat is in dielname. En dêr stroffe- len wy oer. It wie in hiel ûndúdlike konstruksje. Dy oerienkomst is no feroare. Wêrom wie dy oer- Side 12 03 ferslach 14-03-2006/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 14