Side 22 en gelok; it wie goed ris mei in kwinkslag, sa as Auke dat koe, efkes de spanning te trochbrek- ken, efkes ôfstân nimme, efkes relativearje, om dan mei in sûne ynslach wer fierder te kinnen. Ik haw der in hiel soad respekt foar dat de trije partijen jûn in foarstel om in ekstra riedsgearkom- ste te belizzen, ynlutsen ha. Dat kin je as in kenmerk markeare; it kin hjir ek oars. En it soe hjir eins ek oars moatte. Lit ús besykje, en ik sil hjir ek myn stjonkende bést foar dwaan, yn de rin fan de âlde nei de nije ried, ússels in spegel foar te hélden, om de spegel om te draaien en nei foaren te sjen. Ferjitte de dingen dêr't wy ús ûngelokkich of rekke troch field ha of kwetst binne, om mei in skjinne laaie te begjinnen. Mei de yntinsje ta gearwurking it maksimale foar dizze ge meente, de ynwenners, te dwaan; dat soe myn winsk wêze. Ut namme fan ek de oare riedsleden, tige betanke foar de fijne gearwurking, de spannende mo- minten dy 't wy belibbe ha, mar ek fan de hiel moaie mominten dy 't wy belibbe ha, want dat stiet my noch helder foar de geast. De hear Soeten seit dochs noch wat sizze te wollen sûnder dat Sake my ynterruppeart of Elly of Jan. Wat my opfallen is de léste fjouwer jier. Yn 't earste plak, wy leve yn in hiel moaie gemeen te. Hat mei Jehannes Zijlstra, de foarige fraksjelieder, oeral hinne west; hat alle yntroduksjebesi- tes mei de boargemaster dien nei alle plakken hjirre. Dan sjochst hokker prachtige gemeente wy hjir ha. PR, dat is wat foar Harry. It skûtsjesilen en op de Frisian Queen, de minsken dêrfoar útnoegje, is in stikje goud dat wy hjir yn de gemeente ha. Minsken sizze wol dat polityk dea is. Wat ik hjir no meimakke ha, is dat de polityk yn Boarnster- him echt libbet! We ha in temajûn hén oer wolwêzen: der wiene in lytse 40 ynsprekkers en de seal siet hartstikke fol. En de minsken binne ek polityk bewust, sjoen de útslach fan de ferkie- zings De amtlike organisaasje wurdt betanke; de stikken kamen kreas op tiid. It wie foar 99% yn oar- der allegearre en ik fûn it hiel netsjes hoe't de amtlike organisaasje dat dien hat. De fersoarging wie ek geweldig; in lekker kopke kofje en in hapke derby, keurich. Seit tsjin Anne Jochem de Vries dat hy der mei foar soarge hat, as foarsitter fan de ferkiezings- kommisje, dat dizze boargemaster hjir kaam is. Dizze boargemaster is in brêgebouwer, besiket de minsken op ien line te bringen en, hiel belangrijk, se wol net fierder springe as de polsstok lang is en dat ha we nedich. Ek hiel wichtich, se hat in man meinaam dy't hiel goed skake kin! Seit de ôfrûne fjouwer jier in moaie tiid hén te hawwen; ek minder moaie dingen meimakke, mar oer it algemien wie 't goed. Betanket de minsken allegearre en oars in kear oant sjen. De hear Roorda seit 131/2 jier yn de ried sitten te hawwen en hy hat in moaie tiid hén. Hat wat hichtepunten, wat djiptepunten en wat hiel bisûndere saken meimakke. It meast sichtbere hoe as dizze gemeente feroare is, kaam doe 't de wurksamheden oan de Rykswei 32 úteinset wiene. Yn wat foar snel tempo dat giet, ek de uterlikheden! Wy beskikke no oer twa akwadukten oer in pe- ar km, dat is unyk. De feroaring fan al dy doarpen, der is geweldig boud. De leefberens, dat fait en stiet mei de mienskipssin, ús rike ferieningslibben. Mar ek foarsjennings as doarpshuzen, sportferienings en kulturele organisaasjes moat je fierder fersterkje, moat fêstholden wurde yn dizze tiid fan fersaakliking en somtiden ek ferkilling, héld dit fêst yn de takomst. Belangryk wie ek it proses dat we meimakke ha yn de perioade 1999-2001 om de festiging fan in AZC; wie dér behoarlik by belutsen en fûn it in hiel yndringend proses. De ried is dér goed mei omgien en hat soarge foar in soarchféldich beslútfoarmingsproses. It like wol of sieten wy yn in trein, mienden dat it fluch moast, en dan dy emoasjes. It proses is troch de ried op in goede, soarchfêldige manier fuortset. Dan noch efkes wat oer de takomst. As belutsen boarger haw ik ien punt fan soarch. Ik hoopje dat jim yn de ried soargje foar in stikje respekt foar elkoar om op in goede manier mei elkoar op te arbeidzjen, want je kinne it net allinne, allinne mar meielkoar. Winsket dat de sittenbliuwende riedsleden en de boargemaster ta, want dat moatte jo net út it each ferlieze. Uteinlik sit je yn de 03 ferslach 14-03-2006/absh/22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 24