Side 5 even afwachten en als daar eisen uit voortkomen van de voorzieningenrechter zullen wij de ex ploitatievoorziening daar op aanpassen en uiteraard komt zo'n exploitatieovereenkomst dan weer bij u terug. Dan kunt u op dat moment daar weer wat van vinden. De wethouder zegt op dit moment niet completer te kunnen zijn. De foarsitter: Op verzoek van de hear De Vries (PvdA) schorst zij de vergadering voor vijf minu ten. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer De Vries. De hear De Vries (PvdA): Seit dat de reden wêrom't wy de fergadering skorse woene foaral wie om de wurden fan de wethâlder goed op ús ynwurkje te litten; om de situaasje en it útstel dat hjir no foar leit goed beoardiele te kinnen. It giet benammen oer de eksploitaasje-oerienkomst en net oer de besluten dy't wy earder naam ha, dat is ús ôfgryslik dúdlik. Wat de wethâlder net út- slút is dat de argumintaasje dy't straks fan de foarsjenningenrjochter komt fan ynfloed wêze kin op it stik dat jûn foarleit en dêr't wy in beslút oer nimme moatte. Dat wy dêr jûn in beslút oer nimme moatte yn dizze ried dat liket ús net in winsklik trajekt. It effekt fan de útspraak fan de foarsjenningenrjochter is dat der no in skorsende wurking optreedt. Dat betsjut dat gjin inkele partij in kant op kin oant in beswiertermyn ôfhannele is en der in útspraak leit fan de rjochter. Wy tinke dat it dêrmei wiis is om te sizzen, om dat wol by dit beslút te belûken, want wy binne fan betinken dat je better yn ien kear it júste beslút nimme kinne as yn twa stappen in beslút dat let ter oanpast wurde moat. Dêrom soene wy de ried jûn foarstelle wolle: hâld dit punt oan, wach- tsje op de arguminten fan de foarsjenningenrjochter en belük dy, sa't de wethâlder oanjûn hat, op it stik dat jûn foarleit en analisear oft it stik oanlieding jout om it oan te passen. As dat sa is krije wy in oanpast stik. Ik wit net hoelang't de beswiereproseduere yn beslach nimme sil; it leit hiel gefoelich, de termyn, de druk en de haast dy't op dit projekt sit. Us stânpunt oer dit projekt is elkenien wol bekend; dat is wat dat oanbelanget net feroare, mar as de saak dochs beferzen is troch de útspraak fan de foarsjenningenrjochter, dan kinne wy dy twa saken neffens ús it béste kombineare en jûn dit agindapunt net behannelje. Dat soe ús foar- stel wêze by agindapunt 3 fan ús wurklist. De foarsitter: Concludeert dat de PvdA voorstelt nu vandaag agendapunt 9 niet te behandelen maar te wachten op de uitspraak van de rechter, zodat eventuele overwegingen van de rechter, als dat noodzakelijk is, meegenomen kunnen worden in het kredietvoorstel. De hear Van der Meulen (CDA): Seit dat dizze fraach ek by it CDA spile hat. Wat moatte wy hjirmei, hoefolle ynfloed hat de útspraak fan de foarsjenningenrjochter op it kredytútstel dat hjir leit? Wy tinke dat dat net direkt ynfloed hat, want wy hawwe noch net in beslút naam oer it kre- dytútstel. Wat kin de rjochter hjir no fan fine? Sadwaande kinne wy hjir in beslút oer nimme. Mocht it sa wêze dat yn 'e marzje it beslút feroaringen jout troch de útspraak fan de rjochter, dan is it in útfieringskwesje. Wol dat it agindapunt stean bliuwt, dêrmei kinne wy it projekt jûn frij jaan. Konklúzje: wy hawwe der gjin beswier tsjin dat it stik jûn behannele wurdt. De hear Janse (FNP): Skat yn dat it beslút fan de rjochter leit op it mêd fan de romtlike oardening en dat hat in opskortende wurking. Yn de yntinsjeoerienkomst stiet dat der earst in beslút nom- men wurde moat oer de eksploitaasjeoerienkomst. As dat ien kear klear is, sette wy it trajekt fan de romtlike oardering yn. Fynt op dy grûnen dat rêstich jûn oer it útstel kediisd wurde kin. De heer Hemminga (GB2000): Tinkt dat de útspraak fan de rjochter in apart trajekt is en dat de ried him útsprekke moat oer it finansieringsfoarstel. Fynt ek dat it foarstel jûn behannele wurde kin. 03 ferslach 14-03-2006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7