Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat sein dat it net goed gien is yn it proses. Sy hat de formateur net eksplisyt beskeadigje wollen, mar is teloarsteld hoe't de proseduere ferrûn is. De hear De Vries (PvdA): Men kin ek nei jinsels sjen. It hie foar him oars rinne mocht, mar hy stiet achter de suverheid dêr't it proses mei ferrûn is. Mefrou Veldstra (FNP): De hear De Vries hat net by de petearen west dy't de FNP mei de forma teur hân hat. Sy wol no net in spultsje fan 'welles of nietes.' Men koe it ferslach seis net fêst- stelle, mar it wie oars as dat yn it ferslach oer it petear mei de FNP beskreaun is. De hear De Vries (PvdA): Men hie dan dochs seis it inisjatyf nimme kinnen om dêroer in sinjaal te jaan? Mefrou Veldstra (FNP): Men hat twa kear by de formateur west en gjin antwurden krigen op alle fragen. Sy hat seis de hear De Vries ferteld oer it gefoel dat sy hie oer de petearen mei de forma teur. De FNP fynt it net reëel foar it amtlik apparaat oer om in kolleezje fan trije wethâlders te foarmjen. As de ynformaasje en formaasje yn it iepenbier plakfûn hiene dan hie it wierskynlik oars ferrûn. De hear Van der Meulen (CDA): Hy fynt it bysûnder dat men konkludearret dat wannear't men it net mei twa wethâlders oppakt dat dan de kwaliteit yn it geding is. Hy hopet dat ried, kolleezje en mienskip goed mei inoar oparbeidzje kinne. De hear Bouma (VVD): Yn de takediskusje hat men dochs wol de foarkar foar twa wethâlders út- sprutsen? De hear Van der Meulen (CDA): It CDA hat dat nuansearre. De hear Bouma (VVD): It soe neffens de VVD mei twa wethâlders takinne. As men de kommisjes ôfskaft besparret men tiid. De kommunikaasje moat men fan it begjin óf oan goed oanpakke, dan tinkt hy dat der net in protte ekstra wurk by komt. De hear Hemminga (GB): De hear De Vries neamt bestjoerlike kwaliteiten wichtich. Spesifikere kennis fan it management en finansjele kennis binne foar GB earder fereaske kwaliteiten. De sug- gestje fan de VVD fan in proeftiid liket him net sa raar ta. GB wol eins twa kandidaten hawwe en soe dêr noch oerlis oer hawwe wolle en freget om in koarte ûnderbrekking. De foarsitter: Schorst de vergadering voor 10 minuten. De foarsitter: Heropent de vergadering. De hear Hemminga (GB): Men wol de tredde wethâlder net diskwalifisearje en men sil dat mei blanko stimbriefkes oanjaan. De foarsitter: Gaat over tot stemming. Er wordt per kandidaat gestemd in overeenstemming met de volgorde van het raadsvoorstel. Zij licht de procedure toe. Men moet o.a. de naam van de kandidaat opschrijven. Zij vraagt mevrouw Veldstra, de heren Bouma en en Hemminga het stem bureau te vormen. Er wordt eerst gestemd over de heer De Vries. De hear Hemminga (GB): Der binne 10 stimmen op de hear De Vries útbrocht en der binne 7 blanko (ûnjildige) stimmen. Pagina 9 05 ferslach 11 -04-2006/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 11