18. Foarstel om de Lange-termyn-agenda fan de ried fêst te stellen. Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat har op dizze jûn wolris ôffrege oft sy der wol sa wiis wei wêze moat om as fraksjefoarsitter te funksjonearen. Sy hie lykwols in hiel oar gefoel yn positive sin by it ta stân kommen fan de riedsaginda. Dêr is goed nei inoar harke. Sy wol mei har hert polityk bedriuwe en hopet goed mei inoar oparbeidzje te kinnen. It liket har in goed idee om it miljeube- liedsplan te keppeljen oan de temajûn oer it bûtengebiet. Sy hat op A3-formaat in listke fan de riedsaginda makke en jout dat oan it kolleezje. De hear Van der Sluis (VVD): Kin it wol op ien jûn behannele wurde? Mefrou Dekker (PvdA): It gie har benammen om de keppeling. It soene miskyn twa jûnen wurde moatte. Mefrou Veldstra (FNP): De riedsaginda sil begjin 2007 aktualisearre wurde. It wie noflik wurkjen oan de riedsaginda. Sy fynt it in goede suggestje om it miljeubeliedsplan mei te nimmen by de temajûn oer it bûtengebiet. Wiist nochris op it omtinken foar de Fryske taal en kultuer. Binne de temajûnen ek iepenbier foar de boargers? De kompliminten foar de Fryske ferzje fan de riedsagin da. Mefrou Dekker (PvdA): De ried sil beslisse moatte oer de iepenbierheid fan de temajûnen. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP-fraksje wol it hiele pakket (de 'pijplijnactiviteiten'-bylage) nochris as agindapunt yn de kommisje behannelje. De hear Zijlstra (CDA): It CDA hat ek in posityf gefoel oer de riedsaginda. It wienen konstruktive gearkomsten mei in heech realiteitsgehalte. It is in goede miks fan in tal saken (fisy en praktyske saken). Hy wiist op de temajûnen oer it bûtengebiet en de WMO, op it omtinken foar de Fryske taal en kultuer en de fermindering fan de regeljouwing. Hy sjocht de keppeling ek wol fan it mil- jeubelied en it bûtengebiet, mar hy tinkt dat it net op ien jûn kin. De hear Hemminga (GB): Hy slút him oan by de foarige sprekkers. Wiist nochris op it fytspaad Grou-Wergea-Warten dat foar 2010 oanjûn is wylst it dúdlik as prioriteit oanjûn is. Mefrou Dekker (PvdA): It wie in kompromis. De hear Hemminga (GB): It hat it gefaar yn him dat it oer dizze perioade hinne giet. De foarsitter: Er staat 'voor 2010'. En daarmee geldt het voor deze raadsperiode. Het college zal de komende tijd zijn uiterse best doen om het raadsprogramma in een werkbaar en uitvoerbaar collegeprogramma om te zetten. Mefrou Veldstra (FNP): Gjinien hat in reaksje op har suggestje jûn om it hiele pakket yn de kom misje as agindapunt te behanneljen. Mefrou Dekker (PvdA): Freget nei it doel dêrfan. Mefrou Veldstra (FNP): It stiet soms mar mei in pear regels beskreaun en dêr soe men mear yn- formaasje oer hawwe wolle. De foarsitter: Er zal in het presidium aandacht aan gegeven worden. Stelt vast dat de raad met het voorstel instemt. Pagina 11 05 ferslach 11-04-2006/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 14