9. Foarstel om it beswierskrift fan de hear W.A. van Kammen tsjin de wegering fan frijstel- ling oangeande de bou-oanfraach foar it pleatsen fan in rekreaasjewente op it perseel Pean (nést nr 5) ûnbegrûne te ferklearjen. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 10. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de útwreiding fan skoalgebouwen yn Ak- krum en Grou. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 11. Foarstel om bydragen foar lytse rekreative foarsjennings ta te kennen. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 12. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan in wente oan de Wjitteringswei 11 te Aldeboarn, tagelyk in tariedingsbeslút foar dit plange- biet. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 13. Foarstel ta it fêststellen fan it bestimmingsplan Staandemast-route omleiding Werqea West. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 14. Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it plangebiet Tusken de Marren (jachtha ven). De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 15. Foarstel ta oankeap fan grûn en in wente oan de súdkant fan Wergea. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 16. Foarstel om de beboude komgrins fan Raerd 50 meter yn súdlike rjochting te ferpleatsen. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 17. It beneamen fan nije wethâlders. De foarsitter: Vraagt de heer Bouma een toelichting te geven op het stuk. De hear Bouma: Wol graach ferantwurding ôflizze fan syn wurk as formateur. Yn syn tuskenrap- portaazje en einrapportaazje hat er syn wurdearring útsprutsen foar it wurk fan de ynformateur de hear De Vries. Hy hat him dan ek oansletten by de konklúzjes fan de ynformateur. Alle fraksjes woene útfiering jaan oan de earder neamde beslútfoarming foar de kommende perioade. Der is ien prioriteit: it fytspaad Grou-Warten. Programmatyske ferskillen binne te oerbrêgjen. Men wol in politike kultuer op basis fan betrouwen yn elkoar. De ried hat derfoar keazen om in riedsaginda op te stellen en dan leit it opstellen fan in kolleezjeprogramma net yn de reden. Leidraad voor het vormen van het nieuwe college is vertrouwen. Vertrouwen en een goede wis selwerking tussen raad en college zijn essentieel. Hy hat de fraksjes frege om reaksjes en dy binne yn de tuskenrapportaazjes ferwurde en dêrmei it breed stipe politike belang oanjûn dat elkenien takent oan de personele ynfolling fan it kolleezje. Alle fraksjes ûnderskriuwe de winsk en de ferantwurdlikheid foar it wurkjen oan it betrouwen. Fjouwer fraksjes fine dat minimaal de fraksjes dy't it kolleezje foarmje betrouwen hawwe yn de kandidaten foar it kolleezje. Omdat de kandidaat fan de FNP net bekend is en de FNP de betrou- wensfraach oangeande de oare kandidaat-wethâlders net beäntwurdzje wol, giet er fierder mei de foarming fan in kolleezje mei de PvdA, it CDA en de FNP mei de folgjende twa fragen oan de neamde fraksjes: Pagina 5 05 ferslach 11-04-2006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7