De partijen stimme yn mei it ûndersyk nei kolleezjefoarming besteande út dizze trije partijen. De leden fan de betreffende fraksjes sprekke unanym it folsleine betrouwen út yn elkoars kandi daten. De FNP wurdt frege om de namme fan de kandidaat foar 25 maart 2006 17.00 oere ken- ber te meitsjen. De fraksjes antwurdzje posityf op fraach 1De PvdA en it CDA sprekke it folslei ne fertrouwen út yn elkoars kandidaten. De FNP sprekt net unanym it folsleine betrouwen út yn dy kandidaten. Nei in wiidweidich petear op dy sneon dêr't op oanjûn is dat der útgongen wurde mocht fan in folsleine wethâlder, ek fan de FNP, hat dy fraksje gjin namme fan in kandidaat- wethâlder neame wollen. Hy hat de fraksje wiisd op it belang fan de frege ynformaasje. Mar in fierder ûndersyk nei de kolleezje-foarming mei de 3 partijen wie net mooglik. De FNP wie mei it antwurd op twa fragen fier óf fan dielname oan it kolleezje. As formateur koe er op grûn fan it motto net oars. It betrouwen ûntbriek en dat hat er oan de fraksjes kenber makke. De formaasje sette doe yn op twa partijen. De PvdA soe mei in twadde kandidaat komme en it CDA hat it fol sleine en unanime betrouwen yn dy kandidaat útsprutsen. Sa kin der in kollegiaal kolleezje kom me dat de portefúljes goed ferdielt. Hy tanket it amtlik apparaat foar de stipe en winsket elkenien in goede gearwurking. Hy noeget ried en kolleezje út foar in tocht op it Skûtsje fan Grou op 13 maaie. De foarsitter: Bedankt de heer Bouma voor zijn goede werk als formateur. De hear De Vries (PvdA): Hy wol earst de kiezer betankje foar it betrouwen yn de PvdA. It bringt lykwols ek in stik ferantwurdlikheid mei him mei. De ynformateur hat yn koarte tiid in deeglik stikje wurk dellein. Syn fraksje wie it iens mei de opdracht om it bestjoerlike klimaat yn Boarn- sterhim te ferbetterjen. Men moat dan ek it betrouwen nei elkoar útsprekke kinne. De wethâlder- skandidaten fan de PvdA en it CDA wiene al foar de ferkiezingen bekend. Men woe ek fan de oa- re partijen graach witte wa't de wethâlderskandidaten wienen. It CDA en de FNP woenen trije wethâlders. Alle trije partijen soenen dan ien wethâlder leverje kinne. It wie foar de PvdA de fraach hoe't men de doar iepenhâlde koe. De PvdA woe úteinlik wol fierder gean mei in kolleezje dêr't alle trije partijen ien wethâlder foar leveren, omdat dat paste by it motto foar de kommende perioade. Alle trije partijen moasten dan wol in positive útstrieling hawwe. Dat bleau doe út en dêroer hat de PvdA har fernuvere. Wêrom hat er gjin sinjaal krige om it mei inoar op te pakken? As der by ien partij it frege betrouwen net is dan lei it yn de reden dat men mei in partij fierder giet dy't dat betrouwen wol útsprutsen hat. De gearwurking mei it CDA is doe fersneld fierder útwurke. Der wie gjin ferlet om te wurkjen oan in kolleezjeprogramma. It kolleezje moat útfiere wat de ried it kolleezje opdraacht. De PvdA-fraksje hat lang praat oer de twadde wethâlderspost. Foar trije folsleine wethâlders wie der genóch wurk. Der komme in tal projekten oan en dat sil de nedige ynset freegje. Sa is de fraksje ta de konklúzje kommen dat it ferantwurde is om mei trije folsleine wethâlders te kommen. De ynformateur hat it fjild oersjoen en de formateur is fierder gien om partijen by elkoar te krijen foar it foarmjen fan in kolleezje. De ferkiezingsútslach hat in wichtige rol spile en it is dêrom miskyn wol dûbeld spitich dat de FNP net in sit yn it kolleezje hat. Men soe net te bot sjen moatte nei de ferskillen mar nei de saken dy't bine om saken foar elkoar te krijen dy't yn it belang binne fan de ynwenners fan de gemeente Boarnsterhim. De hear Bouma (VVD): Is de portefúljeferdieling al dúdlik? De hear De Vries (PvdA): Dêr giet it kolleezje seis oer. Dêrby sil wol sjoen wurde nei de ûnderfi- ning fan de kandidaten. Hy kin no noch gjin eksakte ynformaasje jaan. Mefrou Veldstra (FNP): De ynformateur hat goed wurk levere en yn koarte tiid in goede basis del lein. De FNP fielde by it proses in stik waarmte, mar miste dat by de fuortgong by it wurk fan de formateur. De FNP seach op grûn fan de ferkiezingsútslach leaver de kombinaasje fan PvdA en FNP en de formateur seach men as in brêgebouwer. Men hie dan ek de folge wurkwize en prose- duere fan de hear Bouma net ferwachte. Boarnsterhim hat ferlet fan goede bestjoerders, der Pagina 6 05 ferslach 11-04-2006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 8