moat in goede foarm fan gearwurking wêze en men moat wurkje oan in oare kultuer. Der sil in in ienheid wêze moatte tusken ried en kolleezje en binnen de ried, dy't stjoere kin op haadlinen. No't der in kolleezje komt mei twa wethâlders fan de PVDA en ien fan it CDA sil alles by âlde bliuwe. Fan alle amendeminten en moasjes fan de FNP yn de foarige riedsperioade is hast neat oernommen. It is de FNP nea dúdlik wurden hoefolle wethâlders der komme soenen. Sy sitearret út de rappor- taazje fan de formateur (side 2, punt g). De FNP hat de formateur faak frege hoefolle wethâlders der komme soenen en oft it om folsleine posten gie. Dy dúdlikheid woe de FNP wol foar har kan didaten hawwe, dy't der binnen de FNP wiene, sawol foar de hurde sektor as de sêfte sektor. Koe of woe men net in team foarmje mei in man of frou fan bûten de gemeentegrinzen? De amtlike organisaasje sit krekt yn in proses fan reorganisaasje, en der moat 540.000 euro be- sunige en no soene der trije folsleine wethâlders komme moatte. Neffens de takendiskusje soe de nije ried fierder gean mei twa wethâlders. Men soe earst alle rinnende saken ôfmeitsje. Men wit net wat de kwaliteiten fan de nije wethâlders binne. De FNP hat syn eigen kandidaten wol toetst. In wethâlder moat ek ynhâldlike kwaliteiten hawwe. De FNP hat ferskate kearen frege om oeriis mei de beide oare partijen om har te befreegjen op de kwaliteiten fan de kandidaat-wethâlders, mar de formateur hat de boat ôfhâlden. Der hawwe de FNP gjin sinjalen berikt en men wit net oft de kandidaten genôch geskikte eigenskippen (stabiliteit, ûnderfining mei bestjoer, beskikking oer netwurk, finansjeel ynsjoch, ensfh.) hienen en dêrom koe de FNP gjin ynstimming jaan. De FNP stie in soarchfâldige foarming fan it kolleezje foar en fynt dit in miste kâns foar Boarnsterhim. Der waard fan har easke om direkt de namme fan de kandidaat foar de gearkomste te neamen en dat woe de FNP net. Soks docht men by in boargemasterbeneaming ek net. As men wis west hie fan dielname oan it kolleezje en it fertrouwen yn de formateur hân hie dan hie de FNP har oars op- steld. De formateur is it net slagge om de opdracht fan de ynformateur ta in goed ein te bringen. Wie de formateur berekkene foar syn taak om partijen te binen? De FNP-fraksje woe kolleezjefer- antwurdlikheid drage mar krige de earlike kâns der net ta. De hear Van der Meulen (CDA): Hy hat in hiel oar gefoel oer it wurk fan de formateur. It CDA wol syn wurdearring útsprekke foar it wurk fan de formateur en ynformateur. Hy wol ek syn wurdearring útsprekke foar de hâlding fan de PvdA. Dat hat bliken dien by it foarstel om mei trije wethâlders út trije partijen in kolleezje te foarmjen. Hy snapt net hoe't it kin dat de FNP him it goud út hannen gliidzje litten hat. It CDA hat al foar de ferkiezingen sein dat men der twifels oer hie oft men it wurk wol mei twa wethâlders oan koe. Dêrfoar leit der te folie wurk te wachtsjen. Hy sjocht de kommende perioade as in oergongsperioade en mei it kiezen foar trije wethâlders wol men ek oanjaan dat men de bestjoerlike ferantwurdlikheid serieus nimt. It CDA hat betrou wen yn de kandidaten fan de PvdA en hy sjocht de kommende perioade mei betrouwen temjitte. De hear Bouma (VVD): De ferkiezings wiene net geunstich foar de VVD. It soe miskyn wol goed wêze om foar wethâlders krektsa as by in boargemaster in profylskets op te stellen. Nije wethâl- ders út in pool soe neffens him ek in goede opsje wêze. It fernuveret de VVD dat der trije wet- hâlders komme. Ferantwurdlikheden kinne ek by it amtlik apparaat lizze en foar guon saken is der al in protte foarwurk dien. De finansjele posysje freget om in effisjinte ynfolling fan taken. Op it amtlik apparaat wurdt besunige en wêrom besiket men it dan net mei twa wethâlders? De boar gemaster soe gjin swiere portefúljes derby nimme neffens de website fan de PvdA. Der lizze nef fens de VVD wol taken foar de boargemaster dy't yn in kolleezje mei twa wethâlders útfierd wurde kinne. Men wit de útkomst fan de jierrekken 2005 noch net en men soe it earst mei twa wethâlders besykje kinne. De hear Hemminga (GB): 'Leidraad is het vertrouwen.' GB ûnderskriuwt de útgongspunten. De foarkar fan GB giet út nei twa wethâlders fan buten de ried: men hat gjin ferline yn de ried, der is genôch kar, de persoanlike ambysjes wurde ûndergeskikt makke oan gemeentebelang en it'kreëa- ret makliker in breed draachflak yn de ried en it past better by it dualisme. Fan in wethâlder wur- Pagina 7 05 ferslach 11-04-2006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9