Pagina 2 5. |t fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 11 april 2006. De foarsitter: Meldt dat de heer Vellinga (PvdA) op 11 april wel aanwezig was. Mefrou Veldstra (FNP): Side 7: 340.000 euro moat neffens har 540.000 wêze. Side 12: Nei it ferslach wie der earder in beslutelist. En dêrby waard oanjûn oft fraksjes der foar of tsjin wienen. De foarsitter: Zij was dit tot nu toe in Boarnsterhim niet zo gewend. Het zal in het presidium be sproken worden. Het verslag wordt met de wijziging goedgekeurd en vastgesteld. 6. Ynkommen stikken. Nûmer 4: Mefrou Veldstra (FNP): It soe goed wêze om it skriuwen fan de frouljusorganisaasjes oer de WMO by de temajûn te belûken. De foarsitter: Alle maatschappelijke organisaties worden uitgenodigd en kunnen reageren. Verder zijn geen vragen of opmerkingen. 7. Foarstel om in fise-foarsitter fan de ried, leden fan de riedskommisjes en leden fan de riedswurkgroepen te beneamen. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat as kandidaat de hear Van der Woude foardroegen fan wegen syn bestjoerlike dnderfinings en omdat hy is prima op 'e hichte is fan de gemeentewet. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD slút him oan by mefrou Dekker. De hear Zijlstra (CDA): Spitigernôch kaam de opposysje net mei in kandidaat. It CDA wol de hear Gerbrandij foardrage as kandidaat. Hy hat ûnderfining as eardere foarsitter fan de kommisje WWR en dêr hawwe syn kwaliteiten bliken dien. It CDA hat wat fraachtekens by de funksje dy't de hear Van der Woude oerdeis hat. Wat men op ien plak docht, moat men net op in oar plak oer- dwaan. Mei it each op it politike lykwicht liket it him ek better ta dat der in CDA-fise-foarsitter komt. De foarsitter: Er zal schriftelijk gestemd worden en ze benoemt de heren Bouma en Hemminga en mevrouw Jonkman tot leden van het stembureau. De hear Bouma (VVD): De útslach fan de stimming is: der binne 8 stimmen foar de hear Ger brandij en 8 stimmen foar de hear Van der Woude. De foarsitter: Dan is een tweede stemming noodzakelijk en mogelijk een derde wanneer de stemmen weer zouden staken. Daarna zal bij eventuele staking van stemmen het lot beslissen. Mefrou Dekker (PvdA): Men zit in het duale stelsel en daarom vindt zij de argumentatie van het CDA aangaande de kandidatuur van de heer Van der Woude niet op zijn plaats. De hear Seldenrust (FNP): It is in wûnderlike situaasje. De earste kandidaat wie al bekend en no komt de PvdA mei in twadde kandidaat. De hear Gerbrandij hat syn kwaliteiten genôch bewiisd. De foarsitter: Gaat over tot de tweede stemming. De hear Bouma (VVD): Der binne wer 8 stimmen op elke kandidaat útbrocht. ferslach 09052006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 4