BOARNSTERHIM gemeente u B E S L T E L I S T Riedsgearkomste: 20 juny 2006. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt ynsprutsen troch de hear Martens út namme fan Pleatslik Belang Wergea. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Mei it each op it oanpaste riedsfoarstel wurdt op útstel fan de foarsitter be- sletten om fan agindapunt 10 in B-stik te meitsjen. Op útstel fan frou Esser (PvdA) wurdt besletten om agindapunt 8 fan de agin- da óf te heljen en dat foarstel te behanneljen yn de riedsgearkomste fan 11 july 2006. Ófhinklik fan fierdere ynformaasje wurdt dit as A of B-stik behan- nele. Foar it oare konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 9 maaie 2006. Mei de tasizzing dat itjinge dat sein is troch de hearen Zijlstra en De Visser opnommen wurdt yn it ferslach fan de gearkomste fan 20 july 2006, wurdt it ferslach konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Konform besletten. 6. Foarstel ta it fêststellen fan it byldkwaliteitsplan Grut Palma te Wergea. WWR Konform besletten. 7. Foarstel ta it net MER-plichtich ferklearjen fan Ontwikkelingen Wetterfront WWR Grou. Konform besletten. 8. Foarstel om in tariedingskredyt beskikber te stellen foar de brede skoallen yn WWR Grou en Akkrum. Fan de aginda óffierd. De behanneling is trochskoot nei de rie fan 11 july 2006. 9. Foarstel oangeande de oanlis fan skiphuzen, camping, parkearromte, oanlis WWR sinnepontsje en rekreaasjewenten oan Stoatersreed 1 te Warten. Konform besletten. beslutelist 20juny 20061_Fries/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 61