Pagina 5 Wethâlder Van der Meulen: It is fêstlein yn in nota en de nije riedsleden soenen dy krije kinne. Yn ferbân mei it BBV is men guon saken noch oan it bystellen. It kolleezje sil mei in notysje komme oer oanbestegingen oangeande de Europeeske regeljouwing. Hy hopet dat der wat ekstra tiid komme kin foar de behanneling fan de jierrekken. It kolleezje is ek wiis mei de Fryske ferzje en men sil sjen oft men dat it oare jier yn ien kear dwaan kin. Leit by de ried del oft men in finansje ie kommisje hawwe wol. De ferkeap fan grienstroken: men kin net fan tefoaren ynskatte hoefolle der ferkocht wurdt en dêrom bart it op dy wize. De hear Van der Meer (GB): GB vraagt zich af of het leidt tot een vrijbrief van uitgeven. Wethâlder Van der Meulen: Dat sil absolút net de bedoeling fan it kolleezje wêze. By de maitiids- nota soe er graach fan de ried heare wolle oft men mei de maatskiplike ynvestearings nei in nivo fan 50% wol. As der nije plannen nei de ried komme dan moat der in goede finansjeie Onder bouwing by wêze. Wethâlder De Vries: Yn de kommisje hat er sein dat er de soarch fan it grûnbedriuw dielt. Dêr heart in fisy by en in bypassend belied. Men moat realistysk wêze oangeande de mooglikheden fan it grûnbedriuw. It soe goed wêze dat de grûnkommisje har ynkoarten oer dy saken bûcht. Twadde termyn De hear Zijlstra (CDA): GB komt mei it idee om in finansjeie kommisje yn te stellen. De ried moat neffens him lykwols kontrolearè en net neirekkenje. De hear Van der Meer (GB): Het gaat hem erom dat men als raad via een financiële commissie een helder beeld krijgt van de cijfers. De hear Zijlstra (CDA): Hy tinkt dat it mei it tafersjoch fan de akkountant ta kin. Mefrou Dekker (PvdA): Freget de hear Van der Meer wat sa'n finansjeie kommisje krekt foarstelt. De hear Van der Meer (GB): Hij zou dat graag in de commissie willen bediscussiëren. De foarsitter: Stelt voor om dit binnen de werkgroep dualisme te bespreken. De hear Zijlstra (CDA): Men moat sjen nei de stelde kaders en oft it kolleezje it dêrbinnen útfierd hat. De jierrekken is in paadwizer by de maitiidsnota. De hear Van der Meer (GB): Er komt een hele brij van cijfers op de raadsleden af en dat moet in zichtelijk gemaakt worden. Dan kan men bekijken of het binnen de kaders is uitgevoerd. Hij is blij dat de wethouder bijna alle opmerkingen ter harte heeft genomen. Het gaat erom de risico's in de hand te houden. De hear De Visser (PvdA): Hy hat gjin helder antwurd krigen. Side 3 bylage nota reserves en foarsjennings: It minimumnivo foar de reserve grûnbedriuw soe op syn minst 1 miljoen wêze moatte en dat troch positive Ontwikkelingen fan it grûnbedriuw. Mar de buffer is krekt foar it op- fangen fan tsjinfallers. De hear Bouma (VVD): Wat bart der mei de ynsidintele tafallers? Oer tafallers en tsjinfallers soe faker praat wurde moatte en net ien kear yn it jier. In aktyf grûnbedriuw: dat suggerearret wat. De grûnkommisje is neffens de VVD net alhiel goed út de ferve kommen. ferslach 09052006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7