Pagina 6 Mefrou Dekker (PvdA): De VVD koe dochs yn de grûnkommisje meiprate? De hear Bouma (VVD): De kommisje hie in wat breder mandaat krije moatten. In aktyf grûnbe- driuw hat ta doel om de grûn te ferkeapjen. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat op de grûnkommisje oantrúnd. It is in advyskommisje en el- kenien kin dêryn mei partisipeare. De hear Bouma (VVD): Hy hie der hegere ferwachtingen fan. Wethâlder Van der Meulen: De sinjalen fan GB oer it maatskiplik nut binne dúdlik. Men moat it der by it fêststellen fan de nota oer hawwe oft men in buffer fan 1 miljoen hawwe wol. Der moat yn septimber in stik nei de ried komme om dêr yn oan te jaan oft der ôfwikingen fan de rinnende begrutting binne. Wethâlder De Vries: Der sit yn de algemiene reserve in bedrach fan 7 ton foar it grûnbedriuw. Men wol komme ta in aktyf grûnbelied. Dan is it winsklik en ferstannich om nei in reserve fan in miljoen te gean. De foarsitter: Legt het voorstel ter stemming voor. Er wordt conform het voorstel besloten. 9. Foarstel ta it fêststellen fan de mlenskiplike regeling Hulpverleningsdienst Fryslên. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 10. Foarstel om de proef mei it ferromjen fan de slutingstiden te ferlengen oant oktober 2006. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 11Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen by it réalisearjen fan in kwaliteitsar- ranzjemint op it perceel Master Wybrensdyk 10 te Eagum*. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 12. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it pleatsen fan in lisboksestâl en in reauberging op it perseel Westerein 21 te Tersoal, tagelyk in tariedings- beslút foar dit gebiet*. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 13. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bou- oanfraach foar it oprjochtsjen fa in molkstêl, loads en mestplaat op it perseel Foudering 1 te Wergea, tagelyk tariedingsbeslút foar dit gebiet*. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 14. Slute. De voorzitter bedankt iedereen voor aanwezigheid en inbreng en sluit de vergadering om 21.40 uur. Mefrou Veldstra (FNP) wol de boargemaster noch lokwinskje mei it slagjen foar it diploma Frysk foar net-Frysktaligen. Biedt har in cd mei Fryske lietsjes oan en freget elkenien har net tsjinoer de boargemaster te ferbrekken. ferslach 09052006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 8