Pagina 8 Wethâlder Minkes: lt fait har op dat oer de WMO mar twa fragen steld binne. It sil lykwols in hyl- tyd wichtiger plak ynnimme yn de gemeenten. De húshâldlike help út de AWBZ wurdt oerdroegen oan de gemeente. Der komt nei oanlieding fan de gearkomste yn maaie in ferfolchnotysje. Der sil noch hiel wat kreativiteit nedich wêze, ek mei it each op de frijwilligers, om ien en oar goed útfie- re te kinnen. Ek op doarpsnivo sil men neitinke moatte hoe't men dermei omgean wol. It giet by de lokaasje Griene Krúsgebou net om twa blokjes wenningen op himsels, mar it hat te meitsjen mei de wensoarchsône yn Grou. Sy wiist ek op it NIMBY/NIVEA-effekt. De projektlieder hat besocht oan te jaan wat it effekt fan de ynspraak wie. Mefrou Dekker (PvdA): De ynsprekkers hawwe it net hân oer har útsicht, mar oer de gruttens, it folume en de útstrieling fan it gebou. Wethâlder Minkes: De gefoelens binne dúdlik wurden en yndividueel en algemien belang moatte tsjininoar ôfwoegen wurde. De yntinsje fan it kolleezje is om mei minsken ta in kompromis te kommen oer de planûntwikkeling, mar elkenien hat it rjocht om beswieren tsjin besluten fan de oerheid te meitsjen. Der binne keuzes makke oangeande it bouwen fan wenningen. Mei de gemeente Ljouwert binne ôfspraken troch de provinsje makke oer de ynfolling de kontinginten. Men moat op tiid antisipear- je op de nije situaasje. De WWB hat in iepen-ein-finansiering. It kin der in oar jier hiel oars útsjen en dêrom moat men dêrfoar soargje dat men it yn portefúlje hâldt. Mefrou Esser (PvdA): Yn 2005 wie der in oerskot en yn 2006 soe der noch in grutter oerskot wêze kinne omdat it ekonomysk better giet. Meitsje in prognoaze fan wat der yn 2006/2007 oer bliuwt. Ynvestearje yn de minsken dy't yn de bystân sitte. Wethâlder Minkes: Oan de ein fan it jier sil men yndied sjen moatte hoe't men minsken stimulear- je kin. De hear Seldenrust (FNP): Dielt de miening fan mefrou Dekker oangeande de lokaasje Griene Krúsgebou. Hoe sit it mei de sin: 'te stellen'? Wethâlder Minkes: Sy tinkt dat der stean moat: 'In staat te stellen.' Wethâlder De Vries: Oangeande de finansiering fan de 30.000 euro foar Wergea út it Fryske Mar- reprojekt. Dêr hat it kolleezje dit kear foar keazen, mar it kolleezje bliuwt der fansels alert op. It ekonomysk beliedsplan: Boarnsterhim wol in gemeente wêze dêr't it goed wenjen, wurkjen en rekreëarjen is. It ekonomysk beliedsplan rint yn 2006 óf, alhoewol't in tal projekten (Frisia, Spi- kerboor) noch rinne. De ried kin in rjochting oanjaan foar de ekonomyske Ontwikkelingen yn de gemeente. De toeristebelesting giet nei de algemiene middels, mar men kin wol sjen wat men yn rekreative foarsjennings ynvestearret. Men is al in hiel ein mei de ferpleatsing fan de sport. Yn septimber stiet yn it plan wat no krekt fan inoar ferwachte wurdt. Ien en oar is al út Onderhannele. De hear Hemminga (GB): Sit dêr it swimbad ek yn? Wethâlder De Vries: Nee. De ried hat earder in bedrach fan 150.000 euro foar it swimbad be- skikber steld en dat fynt men werom yn de begrutting. Men soe as gemeente wol mear mei de monuminten 'pronkje' wolle, mar dêr is dan wol jild foar nedich. Dêr heart ek in aktueel byld by op wat foar nivo men it hélde en bringe wol. De moasje yn de ried oer it Frysk: dy leit him net sa dúdlik op it netflues, mar hy sil it mei faasje opnimme. 04 Ferslach 19062006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 10