3. It fêststellen fan 'e wurklist. De foarsitter: Agendapunt 10 wordt een B-stuk. In de commissie is een suggestie gedaan en het voorstel is door het college aangepast. Mefrou Esser (PvdA): It fernuveret har dat agindapunt 8 in A-stik is. Kin it net nei de gearkomste fan july? De foarsitter: Het is in de commissie bestempeld als A-stuk. Mefrou Dekker (PvdA): Der soe noch mear ynformaasje komme en sy kin har de reaksje fan me frou Esser foarstelle. De hear Seldenrust (FNP): It giet om it fêststellen fan it kredyt. Der soe ynformaasje komme oer it agindapunt dêrfoar. Mefrou Esser (PvdA): It fernuveret har dat der no hiel oars oer praat wurdt. Wethâlder Van der Meulen: De hear Seldenrust hat it goed ferwurde. Ein juny komt der noch ekstra ynformaasje. Hy tinkt net dat der bloed út fuortkomt as it nei de ried fan july giet. De hear Van der Sluis (VVD): Men hie yn de kommisje wol muoite mei de 60.000 euro, mar dochs is de VVD akkoart gien. De hear Gerbrandij (CDA): De foarsitter lûkt oan de ein fan de diskusje in konklúzje en dat wie dat it in A-stik waard. De foarsitter: Zij stelt voor om het agendapunt van de agenda te halen en het door te schuiven naar 11 juli. Als A- of B-stuk. Wethâlder Van der Meulen: De konsekwinsje is dat der jild útjûn wurdt dat net dutsen is. De hear Van der Meer (GB): Er is toegezegd dat het krediet uit het reguliere budget zou komen. Wethâlder Van der Meulen: It jild is noch net beskikber steld, mar hy hat der net in protte be swieren tsjin om it sa óf te hanneljen. De foarsitter: Agendapunt 8 komt op de raadsagenda van 11 juli terug. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 9 maaie 2006. De hear Zijlstra (CDA): Side 2: Hy hat it net sa stellich bedoeld lykas it op papier stiet. De hear De Visser (PvdA): Bladzijde 3: 'Wie zijn tijdelijk in dienst van de gemeente?' moet zijn: 'Het aantal mensen dat tijdelijk in dienst van de gemeente is.' De foarsitter: Met deze wijzigingen wordt het verslag goedgekeurd en vastgesteld. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 4: De hear Hemminga (GB): Der hat in ûndersyk oer de UMTS-mêsten west yn Switserlân. Komt de problematyk noch oan de oarder? Pagina 2 04 Ferslach 20062006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 15