Pagina 3 De foarsitter: Er zal onderzoek plaatsvinden waarbij het Zwitserse rapport en andere gegevens betrokken zullen worden en dan komt het nog terug. Nûmer 22: Mefrou Veldstra (FNP): Sy hopet dat der in wiis beslút oer it Tomke-projekt nommen wurde sil En dat it om it jild net litten wurdt. De foarsitter: constateert dat er verder geen vragen of opmerkingen zijn. 6. Foarstel ta it fêststellen fan it byldkwaliteitsplan Grut Palma te Wergea De hear Vellinga (PvdA): PB wol graach belutsen wêze by it byldkwaliteitsteam. PB soe yn alle gefallen útnoege wurde kinne foar de byienkomsten. Wat is de status fan de gearkomsten? It CDA hat frege nei mear boartersplakken. Dat soene se konkreter ynfold hawwe wolle. De hear Zijlstra (CDA): De ynbring fan PB is yn de ûntwikkelingsfaze fan nije plannen winske. Men hat as fraksje ek wol in link mei de PB-en. Mar yn syn eagen is PB mear in backup fan dé ried. It giet te fier om PB in plak te jaan yn it byldkwaliteitsteam. As it Ontwerp op tafel leit dan PB derby belûke en fierder by iepenbiere gearkomsten mei HOs en Hiem PB útnoegje. Mefrou Jonkman (FNP): Der stiet noch hyltyd yn it stik dat it bouplan net foldocht oan de easken fan it kwaliteitsdokumint. Der wurdt oan HOs en Hiem frege om óf te wiken fan de rjochtlinen Komt men dêrtroch net yn de problemen? In útnoeging heart PB seker te krijen, mar stimrjocht fynt de FNP foar PB noch wat te fier. PB moat goed ynformeard wurde en derby belutsen wurde. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD fynt it belangryk dat eventueel immen fan PB yn it byld kwaliteitsteam sit. De boarterstún sil ekstra omtinken krije moatte. As der eame noch in qeskikt plak is dan moat men dêr gebrûk fan meitsje. Wethêlder Minkes: Men nimt PB serieus. Der hat 1 juny noch in petear west mei PB en PB is se ker in petearpartner foar de fierdere ynfolling fan de ynfrastruktuer. Der wurdt yn de eksploitaasie rekken hâlden mei it boartersplak. It plak sil mei bepaald wurde troch de nije bewenners De ried hat in wolstânsnota oannommen. Dêrneist leit der ek in bestimmingsplan en in byldkwali teitsplan. Dêr wurde de plannen oan toetst en dat wurdt troch professionals dien. De ried stelt de kaders fest. Uteinlik toetst HOs en Hiem allinne oft it foldocht oan de fêststelde easken. Der meie best minsken fan bûten by de gearkomsten fan it byldkwaliteitsteam oanwêzich wêze mar dv hawwe dan gjin stimrjocht. It is net sa dat de leechste oanbieder it krijt, want der moat'ek noch in kwaliteitsslach makke wurde. Men hat der gjin ferlet fan om alle sifers yn de iepenbierheid te Mefrou Jonkman (FNP): It bouplan foldocht net oan de easken fan it kwaliteitsdokumint. Wethêlder Minkes: Sy hat net paraat hoe't dat krekt sit. Wethêlder Van der Meulen: Neffens him wurdt der in casus delsetten en giet it net om de totali teit fan it plan. Mefrou Jonkman (FNP): Mar dan stiet der noch dat it der net yn past. Krijt men der letter pro blemen mei? H Wethêlder Minkes: Sy soe in dúdliker antwurd jaan wolle, mar hat dêrfoar in deskundige nedich. Twadde termyn 04 Ferslach 20062006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 16