Pagina 4 Mefrou Jonkman (FNP): Wurdt PB goed belutsen by alle fierdere omballingen? (Dat wurdt befes- tige). De hear Vellinga (PvdA): Der is dochs in dúdlik ferskil tusken dat PB der by wêze mei en dat PB útnoege wurdt. Hy fielt foar it léste. Wethâlder Minkes: It moat net sa wêze dat men útnoege wurdt en men dan oan de beslútfoar- ming meidocht. It freget nochal wat organisaasje om alle stikken yn it foar ta te stjoeren. Sy kin dat net tasizze. Men kin op it gemeentehûs terjochte foar alle ynformaasje. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 7. Foarstel ta it net MER-plichtich ferklearjen fan Ontwikkelingen Wetterfront Grou. De foarsitter: Mevrouw Minkes zal de portefeuillehouder (de heer De Vries) vervangen. De hear Seldenrust (FNP): Men wie dochs wol wat ferbjustere oer it fersyk fan it kolleezje oan de ried. Vn it ferline wie it gemeentegrûn en it tsjinne it as opslach en jiskelân. By de Aid Haven hawwe yn it ferline nochal wat miljeu-problemen west. Hy hat heard dat der eartiids kij bedobbe waarden dy't myltfjoer hienen. Hy hat net in dúdlik antwurd krije kinnen oer dizze saak. Hy hat kontakt opnommen mei Grousters en âld-Grousters. Nimmen kin it befestigje, mar men kin it ek net ûntkenne. Men wit ek net oft it romme is. len en oar moat foar 1925 bard wêze. Myltfjoer kin wol 100 jier ûnder de grûn oerlibje en it liket de FNP-fraksje dan ek in goede saak om wol in mer-rapportaazje útfiere te litten. Men wit wat der west hat en men hat yn Boarnsterhim net sa'n béste namme oangeande fersmoarge grûn (û.o. De Baai en de Groundaem). It ûndersyk hat wol in oar mooglik plak fan myltfjoer oplevere. Hy sil dat plak en de persoanen net neame. Dat wol er oan it kolleezje oerlitte. De hear Zijlstra (CDA): Wêrom wurde der gjin nammën of plakken neamd? De hear Seldenrust (FNP): It is troch it presidium op de wurklist kaam. It moast gau troch de ried. Pas om healwei achten dizze jûn hat er in befestiging krigen. Hy wol net oan geruchtfoarming dwaan. De hear Zijlstra (CDA): Der wurdt wol ûnrêst oproppen troch it by dit Onderwerp te neamen. De hear Seldenrust (FNP): Der wie ûnrêst by benammen êlde Grousters. Hy wol allinne mar oan- jaan dat geruchten net altyd oan de kant skood wurde moatte. Yn it ferline binne der mei it each op miljeu-effekten flaters makke. De hear Zijlstra (CDA): Kin men dy saken ferlykje mei dingen dy't hast 100 jier lyn bard binne? De hear Seldenrust (FNP): Der binne yn it ferline dingen bard dy't foar him de oanlieding binne om dochs in ûndersyk ferrjochtsje te litten. Hy wiist der nochris op dat myltfjoer 100 jier oerlibje kin. De foarsitter: Heeft de heer Seldenrust contact gehad met de heer Apperloo over deze zaak? De hear Seldenrust (FNP): Nee, want hy is krekt op de hichte fan it plak. 04 Ferslach 20062006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 17