Pagina 5 De hear Hemminga (GB): It (myltfjoer) soe in probleem wêze op de Blikpôle as der groeven wur de soe. De hear Seldenrust (FNP): Dêr, wêr't aktiviteiten plakfine, soenen by it net melden gigantyske problemen ûntstean kinne. As myltfjoer opgroeven wurdt, soe it in ramp wêze kinne. Los fan dat feit is der de ôfrûne jierren safolle bard op dat terrein dat in mer-rapportaazje neffens de FNP fe- rantwurde is. De hear Van der Sluis (VVD): De juridyske ferantwurding lit de VVD oan it kolleezje oer. De Groundaem hat tige fersmoarge west (klasse 4). As men de Boerewâl iepenmakket dan kreëarret men wer in plak dêr't de smoargens him sammelt. Dat moat kontroleard wurde. As it wier is dat der myltfjoer west hat dan moat der goed omtinken oan jün wurde; hy wiist dêrby ek op de gefa- ren fan antraks. Wethâlder Minkes: De kearnfraach by in mer-rapportaazje is oft der bysûndere omstannichheden binne dy't liede kinne ta belangrike neidielige miljeugefolgen. Dat is hjir net oan de oarder en dat is ûnderboud yn it stik. Der is hjir gin boaiemûndersyk oan de oarder. Itselde jildt foar de Groun daem en de strekdaam. Der is fêststeld dat dêrfoar gjin mer-rapportaazje plakfine hoecht. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): It is spitich dat de wethâlder net yngean wol op de makke opmerkings. Wannear hat in mer-rapportaazje dan wol sin? Der wurde ommers in hiel protte arguminten oandroegen? Wethâlder Minkes: It betooch fan de hear Seldenrust hat te meitsjen mei wat der al of net yn de boaiem sit. De boaiemgesteldheid is lykwols op dit momint net oan de oarder. De foarsitter: Stelt vast dat de raad met uitzondering van de FNP-fractie instemt met het voor stel. Er wordt conform het voorstel besloten. 8. Foarstel om in tariedingskredyt beskikber te stellen foar de brede skoallen yn Grou en Akkrum De foarsitter: Dit is van de agenda afgehaald. 9- Foarstel oangeande de oanlis fan skiphuzen, camping, parkearromte, oanlis sinne- pontsje en rekreaasjewenten oan Stoatersreed 1 te Warten De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 10. Foarstel om it bestimmingsplan Wergea-kom fêst te stellen De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 11- Foarstel oangeande it ferbouwen fan in stâl ta 4 rekreaasjewenten op it perseel Leechlân 34 te Warten De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 12. Foarstel oangeande de bou-oanfraach ta realisaasje fan in entreegebou oan Kupersle- antsje 34 foar in bedriuw* De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 13. Foarstel oangeande de eigendomsoerdracht spinnekopmûne Burd De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 04 Ferslach 20062006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 18