BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hélden op moandei 19 ju- ny 2006 om 13.30 oere yn de Buorkerij te Terherne, Buorren 29 Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen B. de Jong, J.W. de Visser, H. Vellinga, T. de Boer en R. van der Woude fan GB2000: de hearen S. van der Meer en J. Hemminga fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek en de hear A. Selden- rust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries 1lepening De foarsitter iepent de gearkomste en hyt elkenien bysûnder wolkom op de gearkomste yn de Buorkerij yn Terherne. Het presidium heeft een spreektijd ingesteld: 2x10 minuten voor de fracties en 2 x 20 minuten voor de beantwoording door het college. Mefrou Dekker (PvdA): Wol graach in foarstel dwaan oer de wize fan besprekken fan de maai- tiidsnota. De foarsitter: Elke fractie krijgt eerst de gelegenheid om iets over de voorjaarsnota te zeggen. Men kan elkaar bevragen in de tweede termijn. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wol de ried earst freegje om earst in algemien ferhaal te hélden en dêrnei elkenien fan de fraksje de gelegenheid jaan om oer de ôfsûnderlike punten in oardiel te jaan. De hear Bouma (VVD): Men hat dizze middei rom de tiid. Hy soe de maaitiidsnota per haadstik behannelje wolle. De hear Gerbrandij (CDA): Fielt foar it foarstel fan mefrou Dekker. Mefrou Veldstra (FNP): Kin har better fine yn it foarstel fan de hear Bouma. Men soe op dizze gearkomste gjin algemiene skôging hélde. Elkenien hat syn eigen Onderwerpen út de nota helle en kin dêroer diskusjearje. De hear Hemminga (GB): Fielt ek mear foar it léste. Mefrou Dekker (PvdA): Sy woe net sasear in algemiene skôging hélde, mar wol fertelle hoe't men de nota belibbet om sa in algemiene yndruk te jaan. 04 Ferslach 19062006/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 3