Pagina 3 ein komme de risiko's om de hoeke (brede skoallen en Fryske Marreprojekt). Hoe tinkt it kolleezie dêrmei om te gean? J Dat by de rioelearring ek de btw meinommen wurdt is neffens it CDA it meast suvere. It fytspaad Grou-Wergea-Warten: men is dêrby de tiid mear as nedich en dêrom soe men der no mei begjinne moatte. Tink dêrby benammen oan it ferkrijen fan de grûn en brûk dêrby wize ûn- derhannelers. As men by de brêgen noch wat temporiseare koe, dan soe dat aardich jild besparie. It útfieringskredyt foar it Fryske Marreprojekt hat de tastimming fan it CDA. De tydlike húsfesting fan it gemeentekantoar freget ek de nedige sinten. Oer de taakstelling foar de Burd: senario 1 liket it béste. It CDA stiet iepen foar bettere oplossin gen. Omgean mei mienskipsjild is wichtich foar no en foar de takomst fan Boarnsterhim. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP wol per haadstik opmerkings meitsje. Men hie mear senario's ferwachte. Der wurdt oan bepaalde senario's al in rjochting jûn en dêrtroch kin men eins net goede kieze. De ûnderhâldstastân fan de ynfrastruktuer jout de FNP wol soargen. Oangeande de behearsplannen: wat moat no wol en wat hoecht daliks noch net oanpakt te wurden? Der steane grutte projekten op 'e rol: de brede skoallen en it Fryske Marreprojekt, foar oare saken bliuwt dêrtroch gjin jild oer. It fytspaad Grou-Wergea stiet foar 2009 op list. Sy wol der by it kolleezje op oantrune om dêr mear faasje mei te meitsjen. Der wurdt fierstente folie jild foar it ûndersyk frege want der is al hiel wat foarwurk dien troch û.o. de projektgroep. Wethêlder Van der Meulen: Hy fynt dat der genôch taljochtings yn de maitiidsnota steane Yn de nota stiet de kearn fan de situaasje yn Boarnsterhim. It kolleezje hat finansjeel net in protte romte en dêrom kin men net mear oan senario's biede. De ûnderhâldstastân fan wegen: út de ynventarisaasje moat bliken dwaan hoe't de oanpak it bés te utfierd wurde kin en oer hoefolle jier men dat berikke wol. De nota koe dit kear net earder oan de ried foarlein wurde, mar it kolleezje wol besykje om it takom jier earder en mei in rommere op- set op oarder te hawwen. It kolleezje wol graach iepenheid útstriele. De behearsystemen binne nedich foar in yntegrale oanpak. Men wurdt yndied konfrontearre mei in protte beswieren en dêr soe wat oan te dwaan wêze. De grutte negative klap by de rioelearring sit yn it btw-ferhaal. Earder hat men de ynflaasje net meinommen en dat sil no wol barre. By grutte projekten hat men ek grutte risiko's. It kolleezje docht al it mooglike om dy risiko's sa beheind mooglik te hélden. Men moat hiel soarchfâldich me. de utf.ermg fan it fytspaad omgean. It kolleezje sil nei de simmer mei in plan (wurkgroep) nei de ried komme. e h# De brêge yn Wergea rint op syn léste fuotten. Wol de ried lykwols noch in protte jild stekke yn it beweechber hélden fan de brêge? De gemeente wol it lapwurk yn de ynfrastruktuer graach yn byld br.nge om f.a de behearsplannen in bettere yntegrale oanpak mooglik te meitsjen. Hy seit ta dat de utlis oer de hichte fan de tariedingskosten fan it fytspaad oan de ried tastjoerd wurde sil. °e ^r!eS: Stelt f0ar °m de fragen oer jt ekon°mysk beliedsplan en it Fryske Marrepro jekt by de oanbelangjende haadstikken te stellen. De foarsitter: Schorst de vergadering voor 5 minuten om de fracties gelegenheid voor onderling overleg te geven. M Twadde termyn De foarsitter: Heropent de vergadering. Het college wil graag de richting weten die de raad aan het college wil meegeven. De hear Van der Woude (PvdA): Hy hat de utwurking fan de gefolgen fan de maitiidssirkulêre mist. Hy soe ek graach in oersicht fan dy sirkulêre hawwe wolle. Der is troch de ynsprekker om- 04 Ferslach 19062006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 5