9. Foarstel oangeande de bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan 4 wenten op it perseel hoeke de Koffe Oostergoostraat te Grou. De hear M. van der Sluis (VVD) seit dat neffens de VVD it yntsjinne beswier "gegrond" is, mar ynstimt punten 1 o/m 4. De hear A. Seldenrust (FNP) slút him hjirby oan, want de FNP fynt dat dit gewoan net kin en stelt foar dat de firma dy't bouwe sil yn oerlis giet mei de fam. Hania om ta in oplossing te kom men. De garaazje soe bygelyks oanboud wurde kinne. Oer de parkearplakken freget de FNP oft de 30 plakken dy't ferdwine sille ek kompensearre wur de op in oar plak? Mefrou J. Dekker-Hoogeveen (PvdA) fynt dat op side 4 de tekst net ûnderstreke wurde moatten hie, dat jout gjin pas. De PvdA giet akkoart mei it foarstel. Wethâlder M. E. Minkes is it hielendal iens mei de wurden fan de PvdA. It bouwen fan garaazjes op de perseelsgrins hoecht op himsels gjin beswier te wêzen, dat wurdt wol mear dien. De par kearplakken dy't ferdwine krije de bewenners op eigen hiem werom. It plan fult in prachtich gat op en neffens de ôfdieling jouwe garaazjes op dat plak gjin problemen. Oangeande foarstel fan de FNP seit se dat de beswiermakker noch wolris útlein wurde kin hoe't it sit mei de ynfolling fan dit plak, it kolleezje hat gjin oertsjûgjende arguminten fûn wêrom't dy garaazje dêr net stean kinne De hear A. Seldenrust (FNP) fynt dat it net sa wêze kin dat de beswiermakker no net mear by syn garaazje komme kin foar ûnderhâld, omdat der in oare garaazje tsjinoan boud wurdt. De voorzitter constateert dat de raad zonder stimming akkoord gaat met het voorstel, waarbij FNP en VVD geacht worden tegen punt 5 te hebben gestemd. 10. Foarstel om in tariedingskredyt beskikber te stellen foar de brede skoallen yn Grou en Ak- krum. Mefrou P. Esser (PvdA) seit dat de PvdA fynt dat de fertraging dy't der no west hat yn de beslút- foarming ferstannich west hat, omdat der no in goed oersicht is yn dit komplekse projekt. Se wol graach befestige hawwe dat der yn oktober in útwurke finansjeel en projektplan lizze sil, dan sil ek dúdlik wêze wa't wat betellet. Der bestiet ek noch ûndúdlikheid oer de dekking, se freget de wethâlder dêr dúdlikheid yn te jaan. De hear S. Bouma (VVD) slút him by de wurden fan de PvdA oan, wol graach witte oft dit kredyt no genôch wêze sil. Oan de hân fan de konklúzjes moat konkludearre wurde dat der in skoft broddelwurk levere is, mar dat it no better sil en der hat de VVD ek wol fertrouwen yn. De VVD hat der grutte muoite mei dat de earste projektmanager syn wurk sa min dwaan kinnen hat en freget oft der ek maatregels nommen wurde kinne. De VVD tinkt der oer it kolleezje op te dragen de kosten op dizze man te ferheljen. De hear A. Seldenrust (FNP) slút him oan by de foarige sprekkers, mar fynt it te fier gean om de man persoanlik oan te sprekken. As dizze persoan noch mear projekten yn behear hat, sille dy nochris goed trochrekkene wurde moatte. Yn de kommisjegearkomsten fan 27 juny hat de foar- sitter neffens him net konkludearre dat dit in B-stik wêze soe. De voorzitter antwoordt dat het hier - zoals bij de opening gemeld - een nieuw voorstel betreft en door het presidium als B-stuk is geagendeerd. Pagina 8 03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 10