Wethâlder Van der Meulen: It is it foech fan it kolleezje, mar hy seit ta dat de ried oer it protokol ynformearre wurde sil by de neijiersnotysje. c. ôfrekkening subsydjze Yn- en trochstreambanen 2003 Mefrou Veldstra (FNP): De FNP fûn it wat in frjemde meidieling. De opset wie dat der troch streambanen komme soenen en dat is blykber net slagge. Der is in gat fan 21.000 euro. Beide gemeenten (Ljouwert en Boarnsterhim) soenen elk de helte fergoedzje moatte, wylst men net de bet oan it tekoart is. Wethâlder De Vries: De gemeente Ljouwert is de opfolger fan de stichting Stadswachten Fryslân. Dêr leit in stikje tekoart en dat fait nearne te ferrekkenjen. Boarnsterhim sil besykje om by it ryk in fergoeding hjirfoar te krijen. As dat senario net trochgiet, dan stiet Boarnsterhim der allinne foar. As in soarte fan gentleman's agreement is men op in 50/50 ferdieling útkommen. It kolleez je woe iepen oer dizze saak mei de ried kommunisearje. 6. Foarstel om it ramt fan de feroardering WMO fêst te stellen. Mefrou Sytema: Sprekt út namme fan it Platfoarm WVG. Op de ynformaasjegearkomste is men oer in tal saken heard. De thússoarch giet nei de gemeente. Wurdt de yndikaasje troch it CIZ dien? Wurdt der goed rekken hâlden mei minsken dy't net sa folie te besteegjen hawwe? Sy makket har ek soargen oer de mantelsoarch. Der komt hyltyd mear by. Kin de gemeente folstean mei twa soarchoanbieders? Of wurdt in oanbesteging ferplichte? In doarp fan 1000 ynwenners soe eins in fêst oansprekpunt hawwe moatte. Sy wol der mei klam op wize dat de special fan Op 'e Hichte yn ienfâldige taal en mei grutte letters skreaun wurde moat. It platfoarm WVG ferfalt en der komt it Gebruikersoverleg Boarnsterhim foar yn it plak. It WVG hat de léste jierren minsken mei sukses holpen om beswier te meitsjen tsjin de ôfwizing fan har oanfraach. No hawwe sokke minsken net mear ien dy't har helpe kin. Mefrou Hoekstra-Balsma: Sy wol as ynwenster fan Boarnsterhim graach wat sizze oer de ynfie- ring fan de WMO. De wet giet elkenien wat oan. Sy tinkt dat de measte minsken noch gjin weet hawwe fan de ympakt fan de wet. Fanút har posysje as frijwillichster en mantelsoarchster mak ket sy har soargen. It liket formeel ûnbetelle wurk te wurden. It útgongspunt is neffens har net goed. De gemeente moat in protte ekstra wurk dwaan foar minder jild as earder. De riedsleden hawwe as taak it goed te regeljen. Sy sitearret de hear Moerkamp fan it ministearje fan VWS: 'Er is bijna een claimcultuur ontstaan. Mensen hebben aanspraken en dat brengt met zich mee dat er geen prikkel meer is om dingen onderling te regelen. De WMO regelt niet individueel de rechten van mensen, maar geeft opdracht aan gemeenten om de gang van zaken rond voorzieningen goed te regelen. De keuze die met de WMO wordt gemaakt is cruciaal. Het gaat over fundamen tele uitgangspunten. Is iemand met recht op AWBZ beter af dan een gemeente met een op dracht? Bovendien zijn gemeenten minder gevoelig voor bezuinigingen van de landelijke overheid dan de individuele burgers.' Der is hjir en dêr wol wat byskaafd, mar sy kin harsels lykwols net weromfine yn it byld dat de hear Moerkamp sketst. Yn de jierren 50 en 60 wienen beropskrêften dominant. Dêrnei krigen de besunigings hyltyd mear har gerak en waard der mear in berop dien op de trije net-betelle groepen. Sa is it frijwilligerswurk yn de ynstellingen ûntstien. Doe kamen de betelle alpha-helpen yn de thússoarch. No komt de WMO der nochris oer hinne. 80% frijwilli- gers en mantelsoargers en 20% betelle wurk. Wa binne de minsken fan it Gebruikersoverleg Boarnsterhim? En hoe sit it mei it doelgroepen-ûndersyk? Yn har mail hat sy har soargen al oan- jûn oer de takomst yn de soarch. Sy is wat positiver wurden troch de mooglikheid fan de ynstel- ling fan doarpeteams. Sy hopet dat har ynbring rjocht dwaan sil oan de minsken dy't de soarch nedich hawwe en dat dy dy soarch ek krije sille mei help fan profesjonele organisaasjes. De hear De Visser (PvdA): Men fûn it yn de fraksje wat in nuver foarstel. Hy begrypt no dat men in kar meitsje moat. De ynformaasjegearkomste hat de PvdA goed foldien. Op side 6 fan it ta- Pagina 3 FarsUch BMM 26062006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 16