heakke ferslach stiet dat hy sein hat dat er it winsklik fine soe dat der in tefredenheidsûndersyk komme soe foar elkenien dy't mei de WMO te krijen hat. Neffens de hear Engelsma hat de ge meente de plicht om de ried te ynformearen (fia stekproef-ûndersyk) hoe't it mei de tefredenheid fan de kliïnten leit. De persoanen dy't dermei te krijen hawwe binne tige kwetsber. De PvdA- fraksje soe dochs elkenien befreegje wolle oer de ûnderfining mei de WMO. Mefrou Jonkman (FNP): Men soe der in enkête-formulier by ynlizze kinne. De hear De Visser (PvdA): Hy nimt oan dat der fierderop yn it jier in beliedsplan komt en dat de feroardering û.o. de wize fan yndikaasjestelling en klachtebehanneling beskriuwt. Der moat yn it beliedsplan in eigen bydrage-belied opnommen wurde. De hear Zijlstra (CDA): It CDA stimt yn prinsipe yn mei it foarstel. Men is ek tefreden oer de oan- pak en men hat betrouwen yn feroardering en de útfieringsrjochtlinen. Oer it ferslach fan de yn- formaasjegearkomste: neffens him wiene der op de ynformaasjegearkomste sa'n trije minsken dy't har twifels hienen. Ynstee fan eigen ferantwurdlikheid soe er leaver prate wolle oer 'gespreide ferantwurdlikheid. It CDA stimt net yn mei de oanrikte alternativen. Mefrou Jonkman (FNP): Binne alle doarpen frege nei it loket? Sy fynt it frjemd dat Friens by Jirn- sum sit. Datselde jildt foar Reduzum en Idaerd. Kin de special fan Op 'e Hichte útfierd wurde lykas de kontenerkaart? Sy fynt it frjemd dat men ek mei ferskillende oereprizen wurket. Side 25: sy wol ek graach mear witte oer de konklúzje oer de toetsing fan de ynkommens en de eigen by- drage. Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe ek graach witte wolle wa't der yn it Brûkersoerlis sitte. Wol men ek in kliïnteplatfoarm oprjochtsje? Neffens har is dat eins in ferplichting. Wethâlder Minkes: In tal soargen dy't troch mefrou Hoekstra útsprutsen binne, binne op dit mo- mint ek yn de Earste Keamer oan de oarder. De WMO is opfolger fan alles wat der op it med fan wolwêzen bestiet, mei as earste stap de oergong fan de húshâldlike fersoarging fanút de AWBZ nei de lokale oerheid. De lokale oerheid stiet it tichtste by de minsken. Men moat help oan elkoar regelje. Men wol hiel der hiel wach op wêze dat de mantelsoarch net oerbelêste wurdt. Derom moat it loket sa ticht mooglik by de minsken wêze. Men hat in tal senario's foarlein om oan te jaan dat der wat te kiezen is. Der sil ek wêr in oare stap op folgje lykas de wize fan (Europeeske oanbesteging. Yn de wet is in oergongstermyn ynboud fan 3 moannen. It is op dit momint pui fan besprek. Mefrou Jonkman (FNP): Dat hâldt dus yn dat men noch 3 moanne mei it âlde systeem fierder moat. Wethâlder Minkes: Men moat yn jannewaris wol kontraktuele ôfspraken meitsje met de soarchoanbieders. Foar dy 3 moannen moatte der ferfangende ôfspraken wêze. It sil noch we- romkomme nei de ried. Yn it bestek sit in tal keuzes. Elke persoan dy't fan soarch ôfhinklik is, is like belangryk. Sy wiist derop dat it net allinne om al- deren giet De soarch moat sa ticht mooglik by de minsken wêze. De kwartaalrapportaazjes wur de yn in benchmark tusken gemeenten ferlike. De saken moatte sa goed mooglik regele wurde yn it oergongsjier en yn de rin fan 2007 sil it beliedsplan fêstlein wurde. Yn it Gebruikersoverleg sit de kliïnteried fan de sosjale tsjinst, maatskiplik wurk en it WVG-platfoarm. De wet stelt in WMO- ried ferplichte; dat is noch Onderwerp fan diskusje. Der is ek in klachterjocht. Foar dy klachten soenen de doarpeteams en de frijwilligers har ek ynsette kinne. De feroardering komt yn septim- ber, dêr't ek de eigenbydrageregeling yn opnommen is. Dêryn sil ek wer in tal keuzes dellein Pagina 4 Ferslach BIVIM 2G062006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 17