m wurde. It hat úteinlik te meitsjen mei it beskikbere budzjet. Húshâldlike soarch hat yn de AWBZ in bepaalde definysje: 'de meer dan te doen gebruikelijke zorg'. Dat wurdt ek yn de WMO oernom- men en it freget ek in yndikaasje sa't dy no ek ferrint. De Ryksoerheid start yn septimber in grut te kampanje en der sil in grut kommunikaasjeplan makke wurde. De fisy oer soarch feroaret alge- duerigen. Men wol yn de fisy fan de WMO de minsken safolle mooglik stypje yn har eigen wen en leefsituaasje. De gemeente organisearret de soarch blykber op sa'n goede manier dat it in foardielgemeente is. Oer side 25: it ûnderdiel oer de eigen bydrage komt benammen by de fer- oardering oan de oarder. Der binne fêst minsken dy't har soargen meitsje oer de ynfiering fan de WMO. Mefrou Jonkman (FNP): Wêrom Idaerd en Friens net by Reduzum? Wethâlder Minkes: Dat is gjin wet fan Meden en Perzen. It is besprekber. Mefrou Hoekstra-Balsma: Sy bliuwt derby dat it hiel protte minsken straks dochs rau op de lever falie sil. Mefrou Sietema: Yn it oerlis sitte de beide soarchynstellingen, de kliïnteried, it WVG-platfoarm, UVW, het Friesche Land, Noorderbreedte, gemeente, wenningboukorporaasje, âldereinwurk en ANBO en Cozorg. Twadde termyn De hear Zijlstra (CDA): Freget omtinken foar de tagonklikheid fan de bibliobus. De hear De Visser (PvdA): De PvdA hat it wol oer de foarstellen hân. Men is akkoart mei it earste punt oer de loketten en ek mei it sintraal loket. Men sjocht net folie yn de bibliobus. It ûndersyk dêrnei kin dan ek wol fuortlitten wurde. De hear Zijlstra (CDA): Dat is in wat negative benadering. Men sil dat dochs earst ûndersykje moatte? De hear De Visser (PvdA): De fraksje achtet de kâns op in bydrage fan de bibliobus frijwol nihil en in ûndersyk hat dan net folie doel. It is foar de PvdA wichtich om op de kollektive stipe yn te setten. It besparret op it budzjet en dêrom kiest men foar it earste punt. By de gearwurking mei partijen en by it frijwilligerswurk kiest men ek foar it earste punt. Minsken dy't yn de buert binne, binne faak it bést op 'e hichte fan de problemen. Mefrou Jonkman (FNP): By de loketten en it sintraal loket kiest de FNP foar it earste punt. Foar de bibliobus graach earst in ûndersyk. By it oanbieden fan tsjinsten kiest de FNP foar it twadde punt, omdat de minsken dan har soarch ynkeapje kinne. By de gearwurking kiest de FNP ek foar it twadde punt en dat jildt ek by it frijwilligerswurk. Net alles kin op de skouders fan de frijwilli- gers delkomme. De hear Van der Meer (GB): Bij loketten en centraal loket kiest GB voor het eerste punt. De bibli obus zou onderzocht moeten worden. Bij het aanbieden van diensten en de samenwerking met partijen kiest men voor het eerste punt. Dat geldt ook voor het vrijwilligerswerk. De hear Bouma (VVD): De VVD kiest foar de opsjes sûnder de alternativen. Pagina 5 Ftîrstach BMM 26062006/<ibsh/'5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 18