Wethâlder Minkes: Men wol de bibliobus yn de beskôging meinimme. De gemeente sil op grûn fan Europeeske regeljouwing hâlden wêze om saken sadanich oan te besteegjen. Men komt der noch yn de ried op werom. De foarsitter: Konkludearret dat der in mearderheid foar it foarstel fan it kolleezje is. As B-stik nei de ried. It presidium hat besletten dat it yn july yn de ried komt. 7. Riedsfoarstel oangeande de skoalbegelieding. De hear De Boer (PvdA): Der komt foar de skoallen, de gemeente en de skoalbegeliedingstsjinst in kompleet nije situaasje. De skoallen kinne seis folie mear de fragen stelle en de skoalbegelie dingstsjinst moat konkurreare. En dêr is de PvdA net ûngelokkich mei. Yn it taheakke foarstel stelt it kolleezje foar om 10% fan de gemeentlike bydrage foar de ynfolling fan it bredeskoalle- konsept te brûken. Dêrmei is hy it iens, mar de PvdA soe graach sjen wolle dat it seis ferhege wurdt nei 15% en dat dan it achterstannenbelied ek neamd wurdt. Men is akkoart mei de foarstelde mandatearring yn punt 2. Hy hat lykwols de folgjende fraach oan it kolleezje: Past de formaasje spesifyk foar ûnderwiis by it ambisjeuze ferhaal foar it ûnder- wiis? Mefrou Veldstra (FNP): It wie de FNP net alhiel dúdlik hoe't it foarstel bedoeld wurdt. Men helle de bydrage út de post ûnderwiisbegelieding. Wêr wurdt it dan foar brûkt? Sy hie begrepen dat de reaksje fan it OOGO ynbrocht wurde soe. Wethâlder Van der Meulen: Men hat ôfpraat dat hy oanjaan soe dat it OOGO ynstimme soe mei it foarlizzend punt. Der wurdt wat nuansearre tocht oer de rol fan it Cedin. Men is der bliid mei dat der straks wat mear mooglikheden binne. Men moat hiel skerp sjen nei de doelen dy't men berik- ke wol en dêr draacht dit foarstel oan by. Hy is der wiis mei dat de ried each hat foar it achter stannenbelied It kolleezje wol op koarte tiid it hiele ûnderwiisbelied opnij ûnder eagen sjen. it kol leezje konstatearret dat it 'op gespannen voet kan staan met de formatie.' Nei de simmer wol it kolleezje nei de ried weromkomme oft men it binnen de formaasje útfiere kin. By de brede skoalle moat it gehiel mear biede as de som fan de dielen. Dêr wurdt de bydrage ek konkreet foar ynset. Twadde termyn De hear De Boer (PvdA): Op syn fraach oangeande de bydrage fan 15% hat er it antwurd krige dat it kolleezje dêr ek in prioriteit sjocht. Hat it ek echt in prioriteit yn it oerlis mei it OOGO? De foarsitter: De hear De Boer soe dat oan de kommisjeleden foarlizze moatte. De hear De Boer (PvdA): Leit syn foarstel oan de kommisjeleden foar. Mefrou Veldstra (FNP): Men set by de 10% noch in fraachteken. Der stiet: set 10% yn fan de gemeentlike bydrage foar de neiere ynfolling fan it bredeskoalle-konsept. De wethâlder seit dat men dêroer noch mei in foarstel nei de ried komt. Sy wol earst sjen wêr't it oer giet. Falie de oare skoallen bûten dy fan de brede skoalle dan bûten de boat? De hear De Visser (PvdA): Dy 5% ekstra giet net allinne nei de brede skoallen. De hear Bouma (VVD): It kolleezje komt nei de fakânsje mei in fierdere ynfolling en dat wol er earst ófwachtsje. De hear Van der Meer (GB): Denkt er precies zo over. Pagina 6 Furslach BMM ?6062006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 19