De hear Zijlstra (CDA): It CDA wol it foarstel earst ôfwachtsje. De hear De Boer (PvdA): Der is gjin sprake fan ekstra jild ütjaan. De PvdA wol in dudlike rjochting oanjaan foar it oerlis. Fan it bredeskoallebelied en it achterstannebelied wol men neat ôfdwaan. Mefrou Jonkman (FNP): It giet oer de ûnderwiisbegelieding. Miskien is op guon skoallen hielendal gjin ferlet fan dy ekstra 5% foar it achterstannenbelied. Dy bern hawwe miskien ferlet fan oare begelieding. De foarsitter: Stelt fêst dat it foarstel fan de hear De Boer gjin mearderheid hat. Wethâlder Van der Meulen: De formaasje oangeande it ünderwiis moat men sjen yn relaasje ta wat de bestjoerskommisje, BOBOP en de gemeente dogge. Dêroer fynt oerlis plak. Yn it stik dat nei de ried takomt oer it ûnderwiisbelied kinne ôfwagings makke wurde wêr't men it jild op yn- sette wol. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 8. Riedsfoarstel ta it oanpassen fan de Leezjesferoardening. Mefrou Veldstra (FNP): Sy sjocht yn ferliking mei eardere bedraggen in foarse ferheging. Pasfo to's kinne oan de baly wegere wurde fanwegen de nije easken. Sy soe in oprop dwaan wolle yn Op 'e Hichte dat dy pasfoto's oan dy easken foldwaan moatte. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het is inderdaad een forse verhoging. Het heeft ook te maken met de extra handelingen die nodig zijn. Zij vindt de opmerking over de pasfoto's een goede suggestie. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 9. Gelegenheid om fragen te stellen foar kommisjeleden. Dêr wurdt gjin gebrûk fan makke. 10. Slute. De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en slüt de wierskynlik léste BMM-gearkomste om 21.30 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 5 septimber 2006 de foarsitter, P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 6 minsken. Pagina 7 Ferslach BMM 26062006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 20