BOARNSTERHIM gemeente -2.07.s1. Ferslach fan de gearkomste fan de riedskommisje Wenjen, Wurkjen en Rekreaasje op tiisdei 27 juny 2006 om 20.00 oere yn it Riedhûs, Stationsweg 1 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Gerbrandij Griffier: de hear M. Frensel De kommisjeleden: fan de PvdA: de hearen H. Vellinga en B. de Jong fan GB2000: de hear J. Hemminga fan de VVD: de hear M. van der Sluis fan it CDA: de hear J.S. Zijlstra fan de FNP: mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek en de hear A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: en de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries Mei kundskip ôfwêzich: boargemaster P. Schadd-de Boer, mefrou P.M. Esser (PvdA) en mefrou A. Meinderts-Goinga (CDA) Fierder oanwêzich: de hear F. Buiter (projektlieder) 1. lepenjen. De foarsitter hyt elkenien wolkom. 2. It fêststellen fan de wurklist. De hear Seldenrust (FNP): Freget oft de wethâlder in taljochting jaan kin wêrom't agindapunt 10 op de wurklist stiet wylst men der net oer prate mei yn ferbân mei fertroulikheid. De foarsitter: De kommisje krijt in fuortgongsrapportaazje. De hear Seldenrust (FNP):is wend om yn de diskusje oer stikken te praten. Wethâlder Van der Meulen: dielt mei dat de fertroulikheid der óf giet. 3. Ferslach fan de gearkomste fan 6 juny 2006. De hear Van der Sluis (VVD): wol op side 4 taheakje: 'Dit is 13% fan it budzjet.' De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wiziging goedkard en fêststeld. 4. Mienskiplike regelingen. De foarsitter: Der binne gjin meidielings. 5. Meidielings: Wethâlder De Vries: Nettsjinsteande de stillere spoarbrêge by Akkrum is der sprake fan mear lûd. Der sil dan ek in ûndersyk komme moatte foar 140 huzen. Der binne goede ófspraken makke oer de fierdere kommunikaasje. De minsken hawwe it fertrouwen neffens him dat it op in goede wize oanpakt wurde sil. Der wienen soargen oer de ferkearssituaasje. Hoe slút it bygelyks oan by de brede skoalle en by it sintrum fan Akkrum? Hoe rinne de ferkearsstreamen straks mei de râne- Farsla. h WWR 270602006/nbsh/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 21