wei? Men giet yn oerlis mei PB om oer dit ûnderdiel te praten en men wol harkje nei de minsken mei wat der konkreet by har bart. Men wol in optimale ferkearssitaasje foar it doarp kreëarje. a) kwartaalrapportaazje wentebouplan Grut Palma te Wergea De hear Van der Sluis (VVD): De 24 wenningen fan DFGG soenen út de 222 kontinginten kom- me. Wurdt der alles oan dien om de kontinginten feilich te stellen? Mefrou Jonkman (FNP): Sy hat de antwurden fan wethâlder Minkes oer it byldkwaliteitsplan Grut Palma noch net.. Wethâlder De Vries: Der is oerlis mei DFGG oer de oanpak. Wethâlder Minkes: DFGG seach gjin mooglikheid foar it ôfsetten fan de 24 soarchwenningen. Men is yn oerlis mei DFGG om te sjen wat der te realisearjen is. De tekst fan it stik is dus wat achterhelle. Hat it antwurd op de fraach fan mefrou Jonkman noch net paraat. b) kwartaalrapportaazje bedriuwenterrein Frisia te Grou De foarsitter: Gjin fragen of opmerkingen. c) antwurd op fraach oer rânewei Akkrum De hear De Jong (PvdA): Er wordt gesproken over vergaderingen met de klankbordgroep. Kan de raad een uitnodiging krijgen voor deze bijeenkomsten? De hear Seldenrust (FNP): Neffens side 1 wol men nei de simmerfakânsje in konseptfisy oan de wyk presintearje. Wurdt de ried dêrfan op 'e hichte steld? De omwenners fine it posityf dat sy by de plannen belutsen wurde. De amtner hat op de ynspraakjûn sein dat it moaier wêze soe as de brêge fan 1.80m nei 2.10m giet. Dêrfan sjocht de FNP de needsaak net. As it wol sa is, wol er graach de oanlieding dêrfan witte. Wethâlder Minkes: De klankboerdgroep is in groep minsken út de wyk seis, dy't brainstoarmje oer plannen foar de wyk. Sy wol oan de projektlieder freegje hoe't dy tinkt oer de oanwêzichheid fan riedsleden. Der hat in presintaasje west fan de plannen yn de Prinsessebuert. Sa'n soarte fan gearkomste fynt sy tagonkliker foar de riedsleden as it bywenjen fan de gearkomsten mei de klankboerdgroep. Wethâlder Van der Meulen: Der is him neat bekend fan in hichte fan 2.1 Om. Hy sil it by de am ner neifreegje. d) antwurd op fraach oer bestimmingsplannen Frisia en Aquaverium De hear Zijlstra (CDA): It CDA wol dat it kolleezje it fersyk fan it Aquaverium flot behannelt. De hear Hemminga (GB): It Aquaverium moat wol eksploitabel wêze, mar it moat net konkurrear- jend wêze foar de bedriuwichheid yn it doarp. Hat der oerlis west mei de omlizzende bedriuwen en de hoareka yn Grou? Hy is ek nijsgjirrich oft nei de brânwareasken sjoen is. Wethâlder De Vries: Men sil der net langer oer dwaan as needsaaklik is, mar it kolleezje wol soarchfâldich wêze. Neffens in brief fan de horeka-ûndernimmers mei de romte foar de eksploi- taasje by it Aquaverium bést útwreide wurde, mar der mei gjin autonome nachtfunksje ûntstean. It soe de romte biede kinne moatte foar grutte groepen (mear as 300 minsken). It doarp stiet dus wol iepen foar in bepaalde Ontwikkeling neffens aard en skaal. De hear Zijlstra (CDA): As der mar 50 minsken komme, hat it Aquaverium dan in probleem? Pagina 2 Fur.slnch WWR 270602006/nbsh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 22