ken oppakt binne. It is aanst oan de ried om de foarstellen fan it kolleezje te beoardielen. It giet no om it formeel beslút om it bestjoer op te heffen. De hear Aupers: Het doet hem deugd dat men de zorgen deelt en dat men op de hoogte wordt gehouden. De raadsleden zijn welkom op de camping. De hear Hemminga (GB): GB is wol akkoart mei it foarstel. Hy hat noch gjin antwurd op de fra- gen oer de jierrekken. Hy hat der genóch betrouwen yn dat it kolleezje de saken goed kommuni- seare sil mei de bewenners. Hy wachtet de fierdere foarstellen óf. De hear Seldenrust (FNP): Hy wol graach mear dúdlikheid. It is dus eins allinne no mar in formele ófhanneling fan saken? Letter kin de ried der noch alles fan fine? Wurdt it rjocht fan de bewen ners rjocht dien? Docht men ek wat oan de soargen fan de minsken? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it iens mei it foarstel. Hy is ek foar it rjocht fan earste keap foar de bewenners. Wethâlder De Vries: Hy wol noch neifreegje hoe't it mei de rjochtmjittichheid fan de jierrekken 2004/2005 sit. De ynformaasje by it stik is fan belang foar de nije riedsleden. De hear Hemminga (GB): Hy fynt de ynformaasje te selektyf. Wethâlder De Vries: Wa't mear witte wol kin altyd by him terjochte. De bewenners hawwe rjocht op in goede behanneling. Men moat jin oan de ôfspraken hâlde. Hy hat by de besite oan de cam ping gjin lûden heard dat de gemeente bepaalde saken net neikommen is. Men hie soargen oer de ynformaasje. Dochs sil er nei de sinjalen fan de ynsprekker der fierder achteroan. De ried kin by de kommende foarstellen kenber meitsje wat men wol; û.o. oan wa't men it ferkeapje wol. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 7. Riedsfoarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO foar Terherne en kom fan Grou. De hear Seldenrust (FNP): Ynhâldlik is men it reedlik iens mei it foarstel. De FNP wol graach dat it foarstel yn twaen knipt wurdt, want it giet om twa totaal ferskillende lokaasjes. Wat binne de konsekwinsjes fan de bewenners fan Yn de Herne dy't swart-op-wyt hawwe dat sy permanir* wenje meie yn in wenning dy't earder in rekreative bestimming hie? Wethâlder Minkes: It giet om in funksjoneel beslút en der is in ferlykbere situaasje omdat de be- stimmingsplannen ünderweis binne. It kolleezje wol tefoaren komme dat der in situaasje komt dy't net past yn it bestimmingsplan. Der moat in goed toetsingskader komme. It giet dus om de technyk fan beslútfoarming. De gemeente hat in negative reaksje krige fan de Kommisje fan Oerlis oangeande de kwalifikaasje fan de wenningen yn it fillapark. Dat is no ûnderdiel fan in stúdzje en in analyze en der wurdt mei juristen oerlein wat ek akseptabel foar de provinsje is. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): Krijt men dat stik ek? Wethâlder Minkes: Ja. It hat yn septimber 2004 yn de kommisjegearkomste oan de oarder west. Der is doe besletten om it fierder te ûndersykjen en fan de útkomst sil de ried op 'e hichte steld wurde. Pagina 4 Forslach V/WH 27C602006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 24