De foarsitter: As A-stik nei de ried. 8. Riedsfoarstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten op grûn fan artikel 21 WRO foar de wente- boulokaasjes Woonimpuls. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it iens mei de tariedingsbesluten. Men wol de delegaasje oan it kolleezje lykwols foar 2b (Griene Krúsgebou) net tastean. It moat wer yn de ried komme as de besluten nommen wurde moatte. De hear Seldenrust (FNP): Hy soe ek hjir wer it foarstel yn stikken knippe wolle. Hy slút him fier der oan by de foarige sprekker. Wethâlder Minkes: Alle kwestjes yn it foarstel hawwe te meitsjen mei de wenningboulokaasjes fan Woonimpuls. It giet net om de delegaasje op grûn fan artikel 19, lid 1 fan de WRO. Twadde termyn De hear Van der Sluis (VVD): It delegaasjebeslút stie der in jier lyn automatysk achteroan. Dat hoecht net per jier bekrêftige te wurden. Syn foarstel is dan ek om dat delegaasje-beslút foar de lokaasje it Griene Krúsgebou yn te lûken. Men moat yn de ried beslute kinne oer de ynfolling fan dy lokaasje. De hear Zijlstra (CDA): Hy giet derfan út dat men riedsbesluten respekteare moat dy't yn de foa rige perioade nommen binne. De hear Hemminga (GB): Krekt oer it Griene Krúsgebou is sein dat dat wer yn de ried ter sprake komme soe. Hy wol graach witte hoe't it sit mei de delegaasje op grûn fan artikel 19 of 21. Wethâlder Minkes: It is neffens har op dit momint gjin Onderwerp fan diskusje. Oars soe der in oar foarstel komme moatte, bygelyks fia in inisjatyffoarstel, om de delegaasje yn dat projekt we- rom te lûken. De hear Van der Sluis (VVD): Oft der no net in tariedingsbeslút nommen wurdt, dan hâldt dat au tomatysk yn dat it delegaasje-beslút gjin krêft mear hat. De VVD wol úteinlik wol mei in moasje of amendemint yn de ried komme om dat delegaasje-beslút yn te lûken. Wethâlder Minkes: Artikel 21 is bedoeld 'om ongewenste ontwikkelingen in een bepaald gebied tegen te gaan'. De delegaasje (artikel 19) is fan in oare oarder. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 9. Riedsfoarstel ta it fêststellen fan it byldkwaliteitsplan Klassieke Schepenhaven as Onderdiel fan de gemeentelike Wolstânsnota. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 10. Fuortgongsrapportaazje Brede Skoallen Grou en Akkrum. Wethâlder Van der Meulen: It giet om in gigantysk grut projekt. Op bepaalde punten binne de plannen troch O.o. in second opinion bystjoerd. Der moat wat oan de húsfesting fan de skoallen barre en dêrneist is der ferlet fan multy-funksjonele akkommodaasjes. It gehiel moat mear wêze as de som fan de dielen. Miskien is der ek finansjeel foardiel mei te beheljen troch saken te kom- binearjen. It is wichtich dat men as kolleezje de rezjy yn hannen hat. It moat op sa koart moogli- ke termyn realisearre wurde. It stribjen fan iepening is augustus 2009 en uterlik augustus 2010. Dat hinget fan de prosedueres óf. Pagina 5 FersldCh WWR 270602006/jbsh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 25