de seare plakken en it kolleezje stjoert no oan. Letter komme de keuzes en de finansjele konse- kwinsjes. Hy tinkt wol dat de brede skoalle der komt. By Akkrum is sprake fan in drokke fer- kearssituaasje; hoe sit it no presys mei lûd en stof? Dêr sil rekken mei hâlden wurde moatte by de bou fan de skoalle. De hear Vellinga (PvdA): Hy hat it gefoel dat er de hân tsjin de kachel hâlden hat en dat er wit dat er hyt is. Hy is in protte gewaar wurden fan de projektlieder. Der moat in nij kredyt (der stiet no in oar bedrach) ferliend wurde. Hy stelt foar om der in B-stik fan te meitsjen. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat der net mear in protte oan ta te heakjen. Eins hie de rappor- taazje nea barre mocht. Neffens it âlde kolleezje kaam alles ommers wol goed. Der binne fan 2001 óf krediten beskikber steld en eins is der mar wat oankloaid. As it mei dit projekt sa run is, hoe stiet it dan mei de oare projekten? Hy wol graach betrouwen hawwe yn de wurden fan de hear Buter, mar sokke wurden wienen der froeger ek altyd. Der soe no echt de skouders Onder set wurde; dan is der earder net in protte dien. De FNP sil sjen wat derfan wiermakke wurdt. Der is noch in hiel lange wei te gean. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD wie ek skrokken fan it hiele ferhaal. It rapport wie ynear- sten fertroulik en dêrom hat er it thúslitten. Yn it rapport fan Deloitte waard de finger op de seare plakken lein en it kolleezje soe der flink boppe op sitte. Dat joech wer wat betrouwen. En dan skrikt men tige fan de konklúzjes dy't yn it foarlizzend rapport steane. Hy hopet dat it no goed giet en dat men binnen de budzjetten bliuwt. It projekt moat trochgean. Hy hat noch wol in fraach oer de boukosten: soe in opdracht jaan goedkeaper útfalle as in oanbesteging? Wethâlder Van der Meulen: Hy is bliid mei de reaksjes fan de kommisje. Der is in stik helderheid kommen en de ried wurdt op 'e hichte hâlden troch de fuortgongsrapportaazjes alle moannen. It kolleezje wol op deselde wize mei de oare projekten omgean. Men wol op elk momint witte kinne hoe't de projekten der foar steane. De hear De Jong (PvdA): Hij vraagt om zo snel mogelijk dat voor alle projecten in beeld te heb ben. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje sjocht hiel kritysk nei de projekten. Men wol risiko's útslu- te; hy giet dêrfan út dat dat stribjen kolleezjebreed droegen wurdt. Yn oktober/novimber kin der in beslút nommen wurde. De planning moat helle wurde. Der binne ôfspraken makke oer it kon- sept. Der moat sprake wêze fan ûnôfhinklikheid en der moat dúdlikheid oer de kostenferdieling wêze. It is goed om nei it trochskode foarstel fan juny te sjen oangeande it kredyt en it, as it oanpast wurde moat, wer nei de ried takomme te litten. It kolleezje wol posityf foarút sjen. De hear Buiter: Aangaande de informatie naar de gemeenteraad: men zal eerst hard doorwerken tot en met september en vervolgens om de vier weken met informatie komen. Hij voelt zich verantwoordelijk voor de budget- en kredietbewaking (via planning en control). Men werkt toe naar voorlopige en daaruit voortvloeiend definitieve overeenkomsten. Daarbij wordt natuurlijk de multifunctionaliteit van de diverse organisaties betrokken. Er zullen af en toe algemene bijeen komsten zijn en het is goed dat de raadsleden daarbij zijn. Men wilde de toegestuurde informatie eerst vertrouwelijk houden omdat er een toelichting op gegeven moest worden. Er zijn in het ver leden onderzoeken gedaan; men zal kijken hoe actueel en goed deze zijn. Wat onderzocht moet worden, zal onderzocht worden. Men moet de belemmeringen en problemen in kaart brengen. Over de budgetten en bouwkosten zijn onderzoeken gedaan. Men zal de bouwkosten moeten toetsen, zodat deze in ieder geval niet te laag zijn. Men zal zeker binnen het krediet van 2,8 mil joen euro blijven. Pagina 7 Ferslach WWR 270602006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 27