de tafel te gean? Guon minsken hawwe al 40 jier in lisplak dêr en dy moatte no seis soargje foar in ferfangend plak. Griffier Frensel: De thema-avond wordt voorbereid door de afdeling RO en de wethouder en hem zelf. Het conceptstuk buitengebied is vandaag op de bus gedaan. Men krijgt een deel informatie en via de workshops kan men verder over het thema buitengebied discussiëren. Hij vraagt ook aandacht voor de bijeenkomst van 28 juni: dat betreft meer inzicht geven in de re gelgeving. Wethâlder Van der Meulen: Der binne yn it ferline tasizzingen dien oan de bewenners fan de Buorren. De organisaasje hat besocht in goede tydlike oplossing te finen, mar dat it net slagge. Men hat de omwenners in brief stjoerd dat it op dit momint net mooglik is om in ferkearsfeilige oplossing tydlik (lykas in fersmelling) te betinken. De hear Hemminga (GB): Hy freget him óf wat foar advizen opfolge binne. Hy refereart oan de mislearre oanpak fan de Kanadeeske Strjitte, dat in ton koste hat. Men sjocht fan tefoaren wol dat bepaalde saken net goed komme. Wethâlder Van der Meulen: Is it mei it léste iens. Hy wie net op 'e hichte fan de proef. Wethâlder Minkes: Sy sil skriftlik antwurd jaan oer de mêsten yn Aldeboarn. Der komt net in 'Halbertsmafilla'; der binne Ontwikkelingen en der is oerlis mei Hûs en Hiem. Nei de simmer komt se derop werom. De hear Seldenrust (FNP): Kin men fan tefoaren mei Coltavast kontakt opnimme om de omjou- wing wat op te kreazjen? Wethâlder Minkes: Dat woe sy krekt sizze. Griffier Frensel: Men zal rekening houden met het apart verzenden van vertrouwelijke stukken. Wethâlder De Vries: De swaaikom: neffens him wurdt der oerlis fierd mei de minsken. Men is der noch net yn slagge om foar elkenien alternative plakken te finen. It oare punt is nij foar him en hy sil kontakt dêroer opnimme. De hear Seldenrust (FNP): Siteart út in brief oan it kolleezje fan 20 juny 2006: 'Dit bezwaarschrift is al ingediend in april. Tot nu toe geen bericht terug ontvangen, zelfs geen ontvangstbevesti ging.' Wethâlder De Vries: Hy hat al tasein om dêroer kontakt op te nimmen. Der hat lykwols wol oerlis west. Hy sil de ried op 'e hichte hélde. Wethélder Minkes: Oangeande agindapunt 8 dat de ried as B-stik nei de ried hawwe wol: dan soe it septimber wurde. De provinsje kin gjin ferklearring fan gjin beswier ôfjaan as der net in tarie- dingsbeslút leit. Wol it dan ek graach as B-stik foar de gearkomste fan 11 july. De foarsitter: Stelt fêst dat de kommisje dat fersyk stipet. Wethélder Minkes: Op de temajûn bestimmingsplan bûtengebiet wurdt in ynlieding jûn oer it streekplan, dat de kaders oanjout fan in bestimmingsplan. Dêrnei wurde de riedsleden oan it wurk set. 12. Slute. Pagina 9 Frr.sl.jch WV/R 270602006/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 29